De midden fan Fryslân: Eagum

maaie 17, 2020 11:05

No’t it sa stadichoan dúdlik wurdt dat wy de simmerfakânsje yn ús provinsje trochbringe meie, is it fansels de muoite wurdich om ek de lytse plakjes te besjen. Wat kilometers njonken Reduzum en boppe Grou leit in buorskip mei fjouwer pleatsen en wat huzen mei sa’n tritich, miskien ek wol minder ynwenners. Fierder in tsjerkhôf mei in moaie toer. Dat is Eagum.

Sicht op Eagum. Foto Matthijs Verkuil

In typysk terpgebiet dêr’t men de greiden oeral sjen kin. De toer dy’t datearret út de 13e iuw stiet dêr allinnich, sûnder tsjerke. Hy is fan fierôf al te sjen mei syn ljochtgiele kleur en sealtek.

In detail is dat de foarâlden fan Henry, Peter en Jane Fonda, ferneamde filmstjerren, yn 1651 fan dat plak út nei Amearika ta emigrearre binne.

Boppe de yngong is it famyljewapen mei tekst fan de Van Scheltinga’s te sjen. Oan de oare side leit in tinkstien. Dat soe de midden fan Fryslân wêze en wol op trije hoannestappen fan de toer ôf, oanbean troch de studinteferiening Frisia út Grins!

Foto Matthijs Verkuil

Der is ek in âld Frysk sechje:

Eagum leit midden yn de wrâld,
sân tredden fan de toer.
Dêr is it middelpunt.
Dy’t net leauwe wol kin it neitrêdzje.

Der binne minsken dy’t sizze dat de midden eins yn Reduzum leit, mar dêr bestiet noch hieltyd twivel oer. Yn alle gefallen hâlde wy it der mar op dat it yn Eagum leit, want de grins fan Fryslân wie doedestiids hiel oars as no.

Yn de Twadde Wrâldoarloch binne de twa klokken yn de toer troch de Dútsers meinommen. Letter is allinnich de lytse weromkommen, want de grutte wie omsmolten ta oarlochsmaterieel.

Der binne yn de toer noch twa gedichten te sjen.

By it stjerren fan kening Willem III in gedicht fan 1890.

Metael út tretsien hundert
Klinkt hjoed no oer ús gea.
Ten bittere rou en smarte
Us kening, och is dea.
Waerd Aegum earst forgetten
Acht min dat doarp sa licht?
Welno,wy Fryske boeren
Dwaen hjoed dy sobere plicht.

It twadde gedicht is fan nei de Twadde Wrâldoarloch en waard skreaun yn 1948 ta gelegenheid fan it keningskip fan Juliana.

’t is feest hjoed yn it hiele lân
De flaggen waaije yn else toer
Ta eare fan ús keninginne,
Juliana is no oan ’t roer.
De klokken koe men rounom hearre,
Ten bliidskip letten hja.
Mar Aegum die der net oan mei,
Om’t de besetters ús klok doe helle ha.

Samar in moai plakje tusken de greiden oan in smelle dyk tusken Reduzum en Wergea. De muoite wurdich om der bygelyks mei de fyts by lâns te gean en efkes in picknick te hâlden op de bank foar de toer oer.

Matthijs Verkuil

maaie 17, 2020 11:05
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Wokke de Ruiter maaie 18, 10:15

    Nei ik fan de famylje fernommen ha, hat Sjouke de Zee it earste gedicht skreun, Hy wie lilk dat Eagum fergetten wie.

  2. Redaksje maaie 19, 12:42

    Sjouke de Zee (1967-1954) wie sprekker, skriuwer en propagandist foar de Fryske taal. Wenne û.m. yn Jirnsum.
    By de dea fan Kening Willem III moasten alle klokken liede, mar it regear hie fersomme om de Eagumers dêr berjocht oer te stjoeren.Dêrom de lilkens.
    De Zee siet foar de SDAP yn de Fryske Steaten. Doe’t er dêr yn 1916 yn it Frysk spruts, en net yn it Nederlânsk oergean woe, waard him troch de kommissaris it wurd ûntnommen.

  3. Wokke de Zee maaie 21, 10:23

    De kommissaris spruts yn it Stedsfrysk….dat mocht wol !
    It is nea wer goed kaam tusken de mannen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.