De Fryske pompeblêden

maaie 7, 2020 22:44

Foto: Wikipedy – publyk domein

Elkenien ken de Fryske flagge mei syn fjouwer blauwe banen lykas de kleur fan de himel, syn trije wite banen dy’t te krijen hawwe mei it skynsel fan it wetteroerflak en fansels de sân reade pompeblêden ferwizend nei de kleur fan de bledsjes dy’t opkomme yn de maitiid. Pompeblêd, wetterblêd of seeblêd is de Fryske beneaming fan it hertfoarmich blêd fan de giele plomp dat it symboal is fan ús flagge.

Yn 1900 wie de flagge allinnich te sjen by de iisbanen yn Fryslân. Njoggentjin jier letter waard er wrâldwiid ferneamd troch it etiket fan it âldste suvelmerk fan Nederlân, Friesche Vlag, fan it Koöperatyf Kondinsfabryk Fryslân en noch wer letter troch it shirt fan de fuotbalklup fan It Hearrenfean. Fansels ek troch it tenu fan de Blauhúster Dakkapel. Dat der kamen alderhande tapassingen by.

De pompeblêden waarden eartiids ek al brûkt yn Dútslân, Tsjechië en Skandinavië. Yn it wapen fan Grinslân steane se ek. It liket der lykwols op dat de Fryske flagge al yn 1895 makke is troch De Zee fan Jirnsum. Yn alle gefallen wurdt dat claimd.

Sa stadichoan krige de pompeblêdeflagge bekendheid, bygelyks yn 1849 yn de wrâld fan it ‘Selskip foar Fryske tael en skriftekennisse’ en fan Fryske skriuwersgenoatskippen. Pas yn 1957 waard de flagge offisjeel erkend troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân en in jier letter fêstlein by Keninklik beslút.

Der is in leginde oer de oarsprong. Om 1400 hinne kamen trije bruorren út Yndia wei hjir yn it hege noarden telâne. Friso, Saxo en Bruno ferparten dielen fan dit gebiet. Saxo begûn yn Sakselân en Bruno yn Brunswyk. Friso wenne yn ús diel fan it lân. Sa ûntstie de namme Fryslân, is it ferhaal. Friso hie sân soannen dy’t allegearre in part krigen fan it gebiet, de sân seelannen neamd, dat rint fan de kop fan Noard-Hollân oant de Wezer yn Dútslân. Sa bliuwe de pompeblêden in oantinken oan de sân Fryske gebieten.

In oare ferklearring is dat yn de santjinde iuw in kening hjir yn Fryslân in swurd hie mei de sân pompeblêden derop. Dat soe dan de basis wêze.

Hawar, hoe’t it ek wêze mei, wy binne net allinnich grutsk op ús folksliet mar ek op ús flagge en faak hinget dy by feestlike gelegenheden lykas op Keningsdei yn de mêst yn stee fan de Hollânske flagge.

Matthijs Verkuijl

 

 

 

maaie 7, 2020 22:44
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wokke de Zee de Ruiter maaie 9, 07:30

    Sjouke de Zee liet doe de pompeblêden op de flaggen borduere troch de Jirnsumer froulju. Dat hearde sa fûn hy, dat moast mei de hân barre. Se diene allegearre mei.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.