‘Contagion’ út 2011 profetyske film

maaie 14, 2020 07:17

Matt Damon (foto: NASA/Bill Ingalls)

Akteur Matt Damon seit yn in fraachpetear mei it Ierske radiostasjon Spin 1038 dat yn de film Contagion út 2011 it ferhaal oer de útbraak fan in pandemy, lykas it koroanafirus, al ferteld waard. De film waard makke nei petearen mei saakkundigen dy’t fertelden hoe’t soks ferrinne soe.

Damon jout oan dat er sûnt de koroanaútbraak in protte kontakt hân hat mei senarioskriuwer Scott Burns en de saakkundigen dy’t riedplachte waarden. De film Contagion fertelt it fiktive ferhaal fan in firus dat yn Macau yn Sina fan in flearmûs fia in slachte baarch by minsken terjochte komt en dêrnei fia oanreitsjen ferspraat wurdt. Damon spilet yn de film in man waans frou en styfsoan oan it firus ferstjerre. De akteur neamt de hjoeddeiske pandemy tragysk, mar hopet dat de wrâldbefolking derfan leart. Hy seit: “Hooplik komt der noch wat posityfs út. It firus is noch net sa deadlik as it wêze kinnen hie, dat faaks riedt it ús ta op in grutter firus dat mooglik skielk noch komt.” Damon syn 21-jierrige styfdochter Alexia hat it koroanafirus ûnder de lea hân en is derfan genêzen.

maaie 14, 2020 07:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.