Cocktailtsje (gedicht)
Resint ferskynd
Cocktailtsje
De sinne skynt
en skitteret op it wetter.
It rûzjen fan de hurde wyn
klinkt as de brâning fan de see.
Fûgeltsjes fluitsje.
Us treurwylch
sjogge we as palmbeam.
Us oerkaping
as in strântinte.
No’t it net oars kin,
moatte we der dochs wat fan meitsje.
Aansten mar in cocktailtsje!
Folkje Koster
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje