Buma jout Friezen yn juny wer wat frijheid werom

maaie 19, 2020 21:13

Foto: GGD

Kafees en restaurants meie op 1 juny wer iepen, feestkafees net. Bioskopen wol, diskoteken net. Terrassen meie iepen, eveneminten bliuwe ferbean. Skouboargen en muzykskoallen meie iepen, mar der meie mar tritich gasten tagelyk binnendoar wêze. Dy’t hinne wol, moat yn it foar in plak besprekke en derby fertelle dat er net siik is.

It binne guon fan ‘e ynsettings dy’t de feilichheidsregio Fryslân ûnder foarsitterskip fan Sybrand Buma fan 1 juny ôf stelt. Dy’t him der net oan hâldt, kin in boete en in strafblêd krije.

De regels sille rûnom yn Nederlân foarskreaun wurde troch de foarsitters fan de feilichheidsregio’s. De Nederlânske minister-presidint makke se hjoed buorkundich. Se jouwe wat mear frijheid as dat de ôfrûne wiken it gefal wie.

Gearboskjen op ‘e dyk is fan 1 juny ôf wer tastien, as men mar oardel trêd distânsje faninoar hâldt. De skoallen foar basis- en fuortset ûnderwiis geane yn juny wer iepen, mar dêr moatte learlingen inoars azem ek net rûke kinne. Om dat foarinoar te krijen sil foar in soad skoallen in poepetoer wurde.

Alden fan dagen yn ferpleechhuzen meie mids juny op betingst wer praters oer de flier hawwe – al is it juridysk net dúdlik oft dat op it stuit no ferbean is of net. Yn it iepenbier ferfier moat elk tenei in mûlekapke op hawwe.

Doel fan de ynsettings is lykas by de foargeande needferoarderings om foar te kommen dat tefolle minsken besmet reitsje mei it koroanafirus.

De needferoardering fan 9 maaie stiet op it webstee fan de feilichheidsregio. De nije stiet dêr jit net.

maaie 19, 2020 21:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.