Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 39

maaie 1, 2020 07:20

Lokaal jild(t)

Kollum

Yn de koroanatiid wurdt hieltyd mear nei lokale oplossingen sjoen. Dy trend nimt al langer ta, mar it giet hieltyd flugger. De kontenerramp op 1 jannewaris 2019 mei de MSC Zoe boppe It Amelân, doe’t 297 konteners oerboard sloegen, wie ek sa’n momint. Beskamsum dúdlik waard wat wy allegear wol net (nota bene op ien skip) oer de seeën transportearje. Sokke rampen sette minsken oan it tinken en in soad binne ree om de hannen út de mouwen te stekken om de rommel op te romjen.

Doe’t op 27 febrewaris fan dit jier de earste koroanabesmetting yn Nederlân konstatearre waard wist noch gjin ien wat ús te wachtsjen stie. No eins noch net! Mar it wurdt wol dúdlik dat we allegearre mei-inoar efkes hohâlde moatte troch … ja, wêrtroch eins? It is noch dreech om dêr in antwurd op te jaan. In firus, ja, dat is wol dúdlik, mar is it in ynsidint? In soad minsken leauwe yn in oarsaak dy’t te meitsjen hat mei de wrâldekonomy dy’t we mei alle gemak opbouw hawwe. Guod, reizen, transport, iten, it komt en giet de hiele wrâld oer.

Wat we no sjogge is in logyske reaksje: wy keapje ynienen folle mear lokale produkten. De streekboer hat it samar fjouwer kear sa drok krige. Yn de supermerk keapje we folle mear produkten fan tichteby. Blykber wolle hieltyd mear minsken witte wat se keapje. Ut eigen omkriten jout mear fertrouwen. Lokaal guod wurdt de lêste tiid mear om frege en dus ek levere. Mear winkels dogge dêroan mei: hieltyd mear produsinten (bygelyks ús boeren) leverje oan lokale klanten.

Mei enerzjy giet it krekt sa. It lokaal enerzjybedriuw Energie vanOns bygelyks kriget fluch mear belangstelling. It is sels eigendom fan de Fryske lokale enerzjykoöperaasjes. Dêr enerzjy keapje betsjut lokale enerzjy keapje. In grut part fan de sinneparken dy’t no yn Fryslân boud wurde, leverje harren enerzjy oan Energie vanOns en dat leveret dy wer oan harren klanten. Sa bliuwt it jild, en it wurk ek, lokaal.

Wy Friezen jouwe mei-inoar alle jierren sa’n 1,5 miljard euro oan enerzjy út. Dat jild ferdwynt hast allegear nei bûten de provinsje. It giet om ierdgas, benzine, disel, stroom en waarmte.

Oft it no om iten, materialen of enerzjy te rêden is… der binne aloan mear mooglikheden foar lokale ôfset en ynkeap. Auto’s op stroom of griengas: lokaal produsearre. Stroom foar hûs of bedriuw? Kies foar lokaal; bygelyks sinnepanielen fan de lokale ynstallateur.

Op ûndersteande foto is in Frysk produkt te sjen, makke troch Fryske bedriuwen om… lokale enerzjy te produsearjen foar… jo elektryske auto of jo hûs of bedriuw. De kar is oan ússels: jild(t) foar elkenien!

foto: ECO Carport Mannen van Staal

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
maaie 1, 2020 07:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.