Boeren en túnkers yn Fryslân wurkje oan oplossingen drûchte

maaie 26, 2020 08:42

Boeren en túnkers yn Fryslân hawwe har yn de ôfrûne moannen ynset om safolle mooglik wetter yn de grûn fêst te hâlden om taret te wêzen op mooglike drûchte dizze simmer. Dat wetter is nedich foar de natuer en bygelyks it ferbouwen fan griente en fruit. Op dy manier kinne Fryske boeren genôch en betelber iten yn de Nederlânske winkels hâlde.

Foto: pixabay.com

De ôfrûne wiken is it delslachtekoart fierder tanommen, dat hat de Lanlike Koördinaasjekommisje Wetterferdieling earder dizze wike bekendmakke. De situaasje is net yn alle regio’s gelyk. “Mei de grutte hoemannichte rein dy’t dizze winter en foaral yn febrewaris fallen is, is it grûnwetterpeil yn in soad gebieten gelokkich flink omheech gien. Mar it peil fan it oerflaktewetter stiet troch de simmerske wiken fan de lêste tiid ûnder druk”, seit bestjoerslid Trienke Elshof fan LTO Noard. “Boeren en túnkers steane yn nau kontakt mei de wetterskippen no’t hja yn bepaalde regio’s troch de drûchte ekstra bereine moatte om it noch jonge gewaaks de kâns te jaan om troch de hurde drûge boaiem hinne te groeien.”

Net allinne foar boeren en túnkers sels is it wichtich dat se bereine, om betelber iten yn de winkels te hâlden is it yn stân hâlden fan de itensfoarsjenning ek fan essinsjeel belang. Elshof: “Skrikbyld is de drûge simmer fan 2018. De skea yn dat jier wurdt rûsd op tusken de 820 miljoen en 1,4 miljard euro. Dat wolle we noait wer en dêrom hawwe wy as boeren en túnkers maatregels nommen.”

Boeren en túnkers wurkje oan robúste oplossingen
Elshof: “Om mear grip te krijen op de oerskotten oan wetter yn de winter en tekoarten oan wetter yn tiden fan drûchte, wurket de sektor gear mei wetterbehearders oan robúste wettersystemen. Sa wurdt de boaiemstruktuer ferbettere en wurdt der bygelyks keazen foar (it ûntwikkeljen fan) drûchtebestindige, djipwoarteljende en fan sâlthâldende gewaaksen. Fierder wurdt der ek mei nije techniken foar it fêsthâlden fan wetter en it opstellen fan in wetterplan mei bygelyks wetterbuffers bydroegen oan bestindige klimaatoplossingen.”

Sparwetter
Sa rint yn de provinsje Fryslân bygelyks it projekt Sparwetter. Dêrby geane boeren oan ’e slach mei it ûntwikkeljen en testen fan maatregels foar it bestriden fan it sâlt wurden fan de boaiem en it garant stellen fan de beskikberens fan genôch skjin farsk wetter.

15.000 boeren en túnkers dogge mei
Yn it ramt fan it Deltaplan Agrarysk wetterbehear binne ûnderwyls sa’n 15.000 boeren en túnkers op harren lân dwaande mei it behear, fêsthâlden en bergjen fan wetter. LTO wurket ek yntinsyf gear mei it Deltaplan Farsk Wetter. De agraryske sektor nimt syn ferantwurdlikens hiel serieus om op it plattelân te soargjen foar in wichtige spûnswurking no’t klimaatferoaring laat ta mear útsprutsen wiete en drûge riten.

maaie 26, 2020 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.