Bewenners azc Snits previntyf yn karantêne

maaie 9, 2020 10:19

Mei yngong fan freedtemiddei 8 maaie is it hiele azc Snits foar trije dagen yn previntive karantêne gien. Dat is besletten nei mienskiplik oerlis fan Feilichheidsregio Fryslân, GGD Fryslân en it COA.

Foto: GGD

Nei in earste fêststelde koroanabesmetting fan in azc-bewenner, op moandei 4 maaie, binne neffens it nije testbelied ûnderwilens hûndert bewenners fan it azc test. By 22 persoanen is dêrby in koroanabesmetting fêststeld. Dat wie oanlieding foar it beslút om de folsleine lokaasje op slot te dwaan en om alle bewenners en meiwurkers in test ûndergean te littten.

COA-rjochtlinen
Lokaasjebestjoerder Benny Schonewille fan azc Snits: “De besmette persoan is fuortdaliks moandei neffens COA-rjochtlinen mei de húshâlding yn ôfsûndering pleatst. Dat betsjut dat se yn de eigen wenromte tahâlde moatte, dêr’t se in eigen húske en dûs ta har beskikking hawwe. Foar harren wask, iten en drinken wurdt soarge.”

Yn de dagen dêrnei kamen nei tests mear besmettings oan it ljocht. Dy minsken en harren famyljeleden binne ek yn isolaasje pleatst. Schonewille: “Yn oerlis mei de GGD is besletten om alle bewenners fan twa ôfdielingen fan it azc teste te liten.” It gie om hûndert persoanen. By fyftjin fan harren is in koroanabesmetting fêststeld. Mei de earder fêststelde besmettingen komt it totaal oantal besmettingen op 22. Fanwegen dat oantal is besletten om de lokaasje trije dagen previntyf op slot te dwaan en alle bewenners en meiwurkers dy’t noch net test binne te testen. Schonewille: “Dy karantêneperioade giet fuortdaliks yn.”

GGD
Direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân wiist op it nije testbelied dat sûnt woansdei 7 maaie fan krêft is. “Tenei teste we minsken dy’t yn kontakt west ha mei persoanen by wa’t koroana fêststeld is, ek as dy minsken sels gjin sykteferskynsels fertoane.” Mei dat nije testbelied besiket de GGD it firus fierder yn te damjen. “Dat nije belied hawwe wy fuortdaliks tapast yn it azc yn Snits, mei as gefolch dat we nije positive resultaten fêststeld hawwe. Gjin fan de posityf teste bewenners hoegde yn it sikehûs opnommen te wurden.”

maaie 9, 2020 10:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.