Omreden fan de koroana is de jierlikse betinking by de Upstalbeam, altyd op de tiisdei nei Pinkster, diskear digitaal. Der is in film makke mei bydragen by de Upstalbeam sels en taspraken troch pommeranten út de Fryslannen; dêrûnder kommissaris fan de Kening yn it Nederlânske Fryslân Arno Brok. De film is hjoed publisearre op YouTube en hjirûnder yn al syn hear en fear te besjen. Under de film stiet in detaillearre ynhâldsopjefte mei trochklikken nei de oanbelangjende parten. Underoan in trochklik nei It Nijs dossier Upstalbeam mei ûnder oaren ferslaggen fan de gearkomsten yn de lêste jierren.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje