Benefytsjo foar de Antillen
Resint ferskynd
Sneon 9 maaie, fuortdaliks nei it Sjoernaal fan 20.00 oere, stjoert de NTR de benefytsjo Samen één Koninkrijk út; in streekrjochte útstjoering mei Jandino Asporaat om jild yn te sammeljen foar ynwenners fan Curaçao, Aruba en Sint Maarten, dy’t ekstra swier troffen binne troch de gefolgen fan de koroanakrisis.
Op Curaçao, Aruba en Sint Maarten, de trije autonome lannen binnen it Keninkryk fan de Nederlannen, driget in humanitêre ramp. Troch de lockdown is it toerisme, de grutste boarne fan ynkomsten, folslein stil kaam te lizzen. Mei earmoed en honger as gefolch. Jandino Asporaat is berne op Curaçao en wenne der oant syn alfde. Ut belutsenheid by de ynwenners hat er de aksje #sameneenkoninkrijk opset, om jild yn te sammeljen foar Curaçao, Aruba en Sint Maarten. Mei de ynsammele donaasjes wurde itenspakketten gearstald en ferdield oer de befolking.
Utstjoering: Sneon 9 maaie, 20.35 oere, by de NTR op NPO 1. Op ’e eilannen streekrjocht fia BVN fia de kabel, sattelyt en online, lokale tiid 14.35 oere.
De streekrjochte benefytsjo op 9 maaie is in ferfolch op de online benefyt dy’t Jandino 25 april fia Instagram útstjoerde. Beide eveneminten binne ûnderdiel fan Jandino’s inisjatyf #sameneenkoninkrijk, dat ta stân kaam mei help fan Cordaid en SHC (Gearwurkjende Helporganisaasjes Curaçao).
Wolle jo ek in stientsje bydrage: Gean dan nei sameneenkoninkrijk.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje