Basisskoallebern krije attinsje fan de gemeente

maaie 10, 2020 08:57

Nei acht wike gean de basisskoallen op moandei 11 maaie wer iepen. De learlingen holpen mei om de fersprieding fan it firus ôf te remjen troch thús te bliuwen.

Foto: pixabay.com

Medalje en oarkonde foar bern yn Opsterlân
De gemeente Opsterlân is fan betinken dat de bern in grut komplimint fertsjinje en dêrom krije de basisskoallelearlingen yn dy gemeente takom wike in taastber oantinken kado. De boargemaster en wethâlders helpe mei om de attinsjes by de skoallen ôf te jaan en sa de learlingen wolkom te hjitten.

“Foar elkenien hat it in bysûndere tiid west”, seit boargemaster Ellen van Selm. Hja besitet op moandei 11 maaie basisskoalle De Arke yn Nij Beets om in medalje en oarkonde foar alle learlingen fan de skoalle ôf te jaan. “In protte bern sjogge dernei út om wer nei skoalle te kinnen en harren freontsjes en freondintsjes werom te sjen. Mar tagelyk jildt dat de skoallen har oanpasse moatte oan ‘it nije normaal’. Yn prinsipe gean de basisskoallelearlingen om de dei nei skoalle en dêrtroch binne se fyftich persint fan de ûnderwiistiid op skoalle.”

Wethâlder Wiersma besitet skoallen en berneopfangsintra yn Dantumadiel
Wethâlder Gerben Wiersma fan Underwiis makket moandei 11 maaie in omgong by alle basisskoallen, berne- en pjutteopfangsintrum yn de gemeente Dantumadiel lâns. De wethâlder wol – út namme fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders – de learkrêften en meiwurkers in lytse attinsje oanbiede om harren op te moedigjen. Hy wol harren ek betankje foar de kreative en fernimstige wize fan wurkjen yn de ôfrûne wiken om de bern dochs lesjaan of opfange te kinnen.

De wethâlder besitet de skoallen en opfangsintra op ‘paste ôfstân’ om de attinsje mei in brief fan it kolleezje oer te langjen. Dat bart sûnder in protte formaliteiten. Wiersma set moandeitemoarn om 9.00 oere útein mei syn omgong by de Wingerd yn Damwâld.

maaie 10, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.