Auteurs bringe oade oan de helpers fan alliearre fleaners

maaie 6, 2020 08:51

It delstoarten fan de Amerikaanske bommewerper Seattle Sleeper op sneintemoarn 26 novimber 1944 by it Fryske Haulerwyk stiet djip yn it lokale ûnthâld opslein. Der binne âlderen dy’t deroer fertelle kinne. Lettere generaasjes hawwe har fia oerlevering in byld foarme fan it ûngelok en de wederwarichheden fan de fleaners dy’t delkamen. Yn ’e rin fan de tiid is dat byld lykwols ferdizene.

Ofbylding: Noordboek

Foar Jan Slofstra en Jaap de Boer wie dat oanlieding om de skiednis fan de Seattle Sleeper opnij te bestudearjen oan ’e hân fan nije gegevens ôfskomstich út argiven, publikaasjes en fraachpetearen. Dat late ta de detaillearre rekonstruksje fan de barrens dy’t no werjûn is yn it boek Vliegers op de vlucht. Dêrnjonken setten de auteurs it ûngelok yn de brede kontekt fan de loftoarloch en de oarlochsskiednis fan it Frysk-Grinslânsk-Drintske grinsgebiet.

Wat it ferhaal mei sa bysûnder makket, is dat alle bemanningsleden it delstoarten oerlibben. Hja waarden troch de ynwenners fan Haulerwyk en omkriten holpen. Der is oant fier nei de oarloch kontakt bleaun tusken de fleaners en harren helpers. By it folgjen fan it spoar fan de fleaners fan de Seattle Sleeper rekken de auteurs ûnder de yndruk fan de moed dy’t in protte manlju en froulju sjen litten ha by de help oan alliearre fleaners. Oan harren en harren neitins drage se dit boek op.

Jan Slofstra en Jaap de Boer – Vliegers op de vlucht. De crash van de Seattle Sleeper bij Haulerwijk op 26 november 1944.
Noordboek | ISBN 978 90 5615 634 3 | hurde kaft | 288 siden | ryk yllustrearre | € 22,50

No te keap by de boekhannel en fia www.noordboek.nl.

maaie 6, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.