André Looijenga draacht foar op Podium TV

maaie 7, 2020 09:10

Foto: André Looijenga

Fannejûn treedt André Looijenga op yn de kulturele show Cultuur aan huis. Hy lêst yn de útstjoering syn gedicht ‘ús / doarp / wrâld’ foar, en hy wurdt troch Arno van der Heyden ynterviewd oer syn literêre wurk.

De útstjoering is op tongersdei 7 maaie om 17.00 oere te sjen op Podium TV. Jo kinne it programma (ôflevering 10) ek letter weromsjen fia dy webside.

Looijenga hat ‘ús / doarp / wrâld’ skreaun foar in keunstútstalling yn Oentsjerk dy’t fanwegen de koroana net trochgiet. It is in fers oer yntimiteit en it jin skûlhâlden yn in grutte, wide wrâld.

maaie 7, 2020 09:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.