‘Andere Tijden’: Oade oan de soarch

maaie 13, 2020 08:54

“Hja is as in mem foar dy”, seit in âlde man emosjonearre en stekt yn it sikehûs noch mar ris in sigaretsje op. Deaside pasjinten dy’t troch waar en wyn fan it iene nei it oare gebou riden wurde, kreamhelpen dy’t rane by it sjen fan in krektberne poppe. Bern dêr’t de mangels fan knipt wurde en tûzenen ferpleechkundigen op it Maliefjild dy’t harren nocht hawwe. It skiednisprogramma Andere Tijden (NTR/VPRO) komt mei 45 minuten prachtige en faak hast net te leauwen argyfbylden, dêr’t de skiednis fan de ferpleechster yn sintraal stiet.

Foto: Nasjonaal Argyf

Wite lilkens
Yn in lytse iuw feroaret it fak fan ferpleechster yngripend. Fan in minbetelle ropping yn de tweintiger jierren oant goedoplate froulju mei diploma’s en spesjalisaasjes, mar noch altyd min betelle yn de tachtiger jierren. Hja nimme it net mear as de wurkdruk ta de spuigatten útrint. In arbeidskonflikt dat hast in healjier duorret, is it gefolch.

Emansipaasje fan ’e soarch
Andere Tijden dûkt mei dy âlde bylden yn de skiednis fan de ferpleechster dêr’t de rêst, reinheid en regelmjittigens fan de tritiger en fjirtiger jierren plak yn meitsje foar de drokte, reboelje en hektyk fan de tachtiger jierren. De emansipaasje fan de soarch yn trije kertier.

Presintaasje: Astrid Sy.

Besjoch de útstjoering hjir.

maaie 13, 2020 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.