Alde

maaie 24, 2020 20:48
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Ed Knotter maaie 26, 09:29

    In ferplichte mûlekapke is ferplichte

    Ferplichtsje is in je-tiidwurd en hat as mulwurd in útgong op -e (ferplichte).
    Dat mulwurd kin brûkt wurde as eigenskipswurd en hat dan noch altyd in e as lêste letter.
    It is net sa dat dy e as ferbûgingsfoarm fêstplakt wurdt oan ‘ferplicht’ (want dat wurd bestiet yn it Frysk net, it mulwurd is ommers ferplichte).

    Ferlykje it tiidwurd ‘achtsje’. Dat hat as mulwurd ‘achte’. As wy dat as eigenskipswurd brûke, bliuwt dy e de lêste letter. Foarbyld: Wy hawwe wurdearring foar him as in achte ferieningslid. Sûnder grutte mûle en sûnder ferplichte mûlekapke.

  2. Henk Wolf maaie 26, 10:52

    Ed, ik tink datst no wat te strang bist foar Jan Schokker. Der is neat mis mei ‘ferplichte’ as mulwurd/eigenskipswurd, mar tsjin ‘ferplicht’ is ek net folle yn te lizzen. Dat is it as eigenskipswurd brûkte mulwurd fan ‘ferplichte’ – it tiidwurd komt of kaam blykber as -je-tiidwurd én as -e-tiidwurd foar.

    Of mei it autoriteitsargumint: ‘ferplicht’ as eigenskipswurd stiet yn it WFT, it Frysk Hânwurdboek en sels yn de strange Foarkarswurdlist op Taalweb.

  3. Abe maaie 26, 12:08

    It is altyd nijsgjirrich, dy staveringsdinkjes. Mar taaleigen útdrukkingen en wizen fan sizzen (ik bedoel net de sprekwurden) soenen wolris wat mear omtinken krije meie. As erkend WD-adept kom ik safolle yn myn eagen prachtige – ferjitten, yn ûnbrûk rekke – foarbylden tsjin, ik sil ris in stikje skriuwe mei wat fan sokke saken dy’t ik tsjinkom. It moaie dêrfan is, dan kinne jo besykje om je eigen skriuwen libbener te meitsjen en út te tillen boppe it ‘eins is it gewoan oerset Hollânsk’.

  4. Henk Wolf maaie 26, 12:56

    Abe: dat liket my in trêft ta! Der steane op it net op syn minst twa listen dy’t op sa’n manier – troch te lêzen – gearstald binne: ien fan Eric Hoekstra en ien fan my. Mines wurdt alle dagen in pear kear besjoen, dat ik wol leauwe dat der wol belangstelling foar is. Ast wolst, kinst mines ek pakke en dy oanfolje. Sjoch mar. Hoe dan ek in moai plan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.