Ald-Ljouwerter wint mei New York Times prestisjeuze Pulitzerpriis

maaie 6, 2020 08:56 Fernijd

De âld-Ljouwerter ûndersykssjoernalist Christiaan Triebert hat mei syn kollega’s by The New York Times in Pulitzerpriis foar ynternasjonale ferslachjouwing wûn. De Amerikaanske krante krige de prestisjeuze parsepriis ûnder mear foar in rige fan acht ferhalen oer de ‘skaadoarloch’ dy’t Ruslân yn Afrika en it Midden-Easten fiert.

Foto: Wikipedia (publyk domein)

Triebert wie by twa fan de ferhalen yn de rige behelle. Hy en it Visual Investigationstiim dêr’t er diel fan útmakket, fûnen ôfrûne jier bewiis foar Russyske bombardeminten op Syryske sikehuzen. Hja toanden ek oan dat Russyske piloaten Syryske boargers ûnder fjoer naam hiene. Triebert en it tiim hawwe it winnen fan de priis fierd fia Zoom.

Triebert en it kearnteam fan de Visuals Investigations dat út njoggen man bestiet, dogge ûnder mear saneamde iepenboarneûndersiken.  Dêrby wurde iepenbiere digitale boarnen lykas Google Earth kombinearre mei oare iepenbiere boarnen, lykas fideo’s. Op dy wize kinne de ûndersikers ferbannen byinoar fine en sa in lispuzzel fan digitaal bewiis oplosse.

De priiswinner priizget foaral ek de minsken dy’t harren ynformaasje oer de striid yn Syrië online set hawwe. “Sûnder al dy hûnderten Syriërs dy’t harren bylden fia it ynternet dielden, hiene wy nea de feiten boppe wetter helje kinnen. Djip respekt foar harren. Lit ús hoopje dat de Pulitzer ek wer it omtinken rjochtet op Syrië, dêr’t nei hast tsien jier striid de oarloch noch gewoan trochgiet.”

Ferline jier fertelde Triebert yn De Wereld Draait Door oer syn ûndersyk.

maaie 6, 2020 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.