Bywurke: Goed ien miljoen ophelle foar Curaçao, Aruba en St Maarten

maaie 11, 2020 08:55

Jandino’s inisjatyf Samen één Koninkrijk om jild yn te sammeljen foar de ynwenners fan Curaçao, Aruba en Sint Maarten, hat ûnderwilens goed ien miljoen euro opbrocht en rint noch fierder op. Mei de ynsammele donaasjes sille itenspakketten gearstald wurde en ferdield oer de befolking, dy’t op it stuit swier troffen wurdt troch de gefolgen fan de koroanakrisis.

Foto: NTR

By de benefytsjo Samen één Koninkrijk, sneontejûn streekrjocht útstjoerd op NPO 1, ûntfong Jandino gasten as Dirk Kuyt, Giovanca, steatssekretaris Knops en Jeroen Pauw. Der wiene optredens fan ûnder oare Edsilia Rombley, Shirma Rouse, Tania Kross, Berget Lewis en Trijntje Oosterhuis. Candy Dulver feilde privee-saksofoanlessen en boargemaster Aboutaleb bea om te feilen in middeismiel oan op it stedhûs fan Rotterdam.

Foto: NTR

Olympysk atleet Churandy Martina stie sneon de hiele dei yn de Donear Drive-thru dêr’t minsken fysyk in donaasje lânsbringe koene. Najib Amhali gie de wyk yn om mei Jandino’s bern koekjes te ferkeapjen.

Wa’t ek in stientsje bydrage wol, kin dat noch hieltyd dwaan. Mei in donaasje fan € 30 kin in fjouwerpersoanshúshâlding sa’n twa wike oan iten holpen wurde. Donaasjes kinne dien wirde op sameneenkoninkrijk.nl.

Jandino’s inisjatyf #sameneenkoninkrijk kaam ta stân mei help fan Cordaid en SHC (Gearwurkjende Helporganisaasjes Curaçao). De benefytsjo waard produsearre troch de NTR.

maaie 11, 2020 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.