Aksjes fan it Reade Krús foar help yn de koroanakrisis

maaie 9, 2020 10:48

De kommende tiid sil it Reade Krús twa aksjes op it mêd fan koroanahelp ynsette foar minsken dy’t as gefolch fan de krisis yn finansjele need rekke binne.

Aksje 1: Kadokaarten
Albert Heijn sil fia it Nederlânske Reade Krús kadokaarten beskikber stelle foar de meast kwetsberen. Dêrmei kinne se yn dy winkels boadskippen dwaan.

Aksje 2: Itensdoazen
Yn ’e mande mei eksterne partners stelt it Reade Krús itensdoazen beskikber. Dêrby giet it ek om minsken dy’t net yn ’e beneaming komme foar oare foarmen fan fiedselhelp of harren wei dêrhinne net witte te finen. It giet om iten fan lokale produsinten en boeren mei oerskot en/of net genôch ôfsetmooglikheden. Op spesjale plakken wurde de itensdoazen oan de doelgroep útdield troch Reade Krús-frijwillers en Ready2Helpers.

It Reade Krús is no yn sân hasten op ’e syk nei in tal betroubere organisaasjes dy’t de minsken dy’t it iten as gefolch fan de koroanakrisis hurd nedich hawwe ken. Der sil in koart ûndersyk fan de oanbelangjende organisaasje oan de gearwurking foarôf gean.

Dêrby jout it Reade Krús mei klam oan dat it giet om minsken dy’t tusken wâl en skip falle, mei’t se net yn ’e beneaming komme foar oare foarmen fan fiedselhelp. Tink bygelyks oan zzp’ers dy’t as gefolch fan de koroanakrisis ynienen sûnder ynkommen sitte.

Mear te witten komme oer dit oanbod en in trochjaan fan ien dy’t yn ’e beneaming komt foar de help, kin troch in mail te stjoeren nei Véronique Huismans, frijwilligersmanager Fryslân fan it Reade Krús: vhuismans@redcross.nl.

maaie 9, 2020 10:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.