Aant Mulder: It is better dat de wein giet as dat er stiet

maaie 5, 2020 07:00

Kollum

De siswize ‘It is better dat de wein giet as dat er stiet’ moast ik oan tinke, doe’t ik lies dat de diskusje oer it learplan Frysk wer fuortset wurdt. Dy siswize en oft it net better is dat de wein dochs mar stilstean bliuwt, hâldt my dwaande. Hoe sit it ek al wer mei dy diskusje. Foar hiel Nederlân waard foar alle skoalfakken/leargebieten bepraat en ôfpraat hoe’t dy fakken nei de takomst ta better jûn wurde kinne. Dat wurdt Curriculum.nu neamd.  As de tiden feroarje, moat it ûnderwiis ek feroarje. Dat is alteast de gedachte. De skoalfakken binne ûnderbrocht yn njoggen leargebieten. It resultaat waard ferline jier op 10 oktober oan minister Slob oanbean. Ien fak/leargebiet ûntbruts. It Frysk! Dat fak falt ûnder de ferantwurdlikheid fan de Provinsje en dêrom sette dy sa’n selde learplandiskusje foar it Frysk op. Dat Kurrikulum.frl, dat rûn speak. Yn april ferline jier waard dúdlik dat de Provinsje der te min jild foar reservearre of it net goed oanbestege hie. Wa sil it sizze! De wein stie stil. Safolle wie wol dúdlik. Sûnt maart rydt de wein lykwols wer. Dat is hast in jier letter. Om oan de byldspraak fêst te hâlden, soe men sizze kinne dat it no suver op in fjouwerjen giet, om’t alles foar 1 oktober yn kalk en semint wêze moat. It Cedin mei no de karre lûke. Wat it Frysk en it ûnderwiis oanbelanget soe dat in goede kar wêze moatte. Likegoed bin ik dêr net wis fan. Ik kom dêr noch op.

It is eins in nuver ferhaal. It Frysk heart yn Fryslân in gewoan fak op de skoallen te wêzen, mar dat is it noch hieltyd net. As it oan de Provinsje leit, wurdt it 2030 foardat alle skoallen oan de besteande kearndoelen foar it Frysk foldogge. It provinsjebestjoer hat yn it trajekt Taalplan Frysk (2016-2018) en it rapport It is mei sizzen net te dwaan (2018) dúdlik makke hoe’t it dat berikke wol. Oft dat dwaan al of net slagget, hinget foar in grut part fan de ambysje fan skoallen ôf. Fierder soe de ynspeksje tafersjoch hâlde moatte om der wis fan te wêzen dat skoallen dogge wat se sein ha en dat se ûnderwilens ek foarútbuorkje. Dêr bestiet noed oer. Tusken 2010 en 2018 hat de ynspeksje ommers neat foar it Frysk dien. Dêrom gean der yn Fryslân stimmen op om de ynspeksje foar it Frysk, krekt as earder de ferantwurdlikens foar it Frysk, nei Fryslân ta te heljen. Men soe tinke dat de Ryksynspeksje sa’n probleem ek leaver kwyt as ryk is. Mar nee, it regear wol dat tafersjoch sels hâlde en net oan Fryslân ôfstean. De diskusje hat faaks wol fan gefolgen dat ynspeksje en oerheid wat mear flyt dogge om de skoallen safier te krijen dat se yn 2030 oan de kearndoelen foar Frysk foldogge.

Dat mei de stavering en de foarkarstavering,
sa’t de Provinsje dy yn 2015 fêststeld hat, gewoan neat dien wurdt,
dat raast fansels hielendal oan ’e protters.

Der wurdt dus hurd wurke om yn 2030 in prachtich Frysk bouwurk del te setten. Dan is it nuver dat der, wylst dat bouwurk hielendal noch net klear is, ek al wer in ferbouwing op de tekentafel leit. Sa’n bouwurk hat net folle kâns fan slagjen, benammen net as ûnderwilens de feardigens fan de timmerlju weromrinne soe. Dat jildt fansels net foar de timmerlju, mar wol foar de feardigens fan de Fryske saakkundigen. As ik op de webside fan Kurrikulum.frl sjoch, besau ik my. Dat Ingelske wurden brûkt wurde, reitsje we oan wend. Dat skynt net mear oars te kinnen! Tagelyk is dúdlik te merken dat hieltyd mear Fryske sinnen streekrjocht út it Hollânsk wei oerset wurde. Dûbeldtaligens of twataligens is moai, mar as dat betsjut dat earst de Hollânske tekst makke wurdt en dan de Fryske, dan buorkje we ek wat dat oanbelanget efterút.

Dat mei de stavering en de foarkarstavering, sa’t de Provinsje dy yn 2015 fêststeld hat, gewoan neat dien wurdt, dat raast fansels hielendal oan ’e protters. Ik lês yn ien alinea: fase, fisy, fersy, hieltyd mei in ‘s’ wylst dy wurdsjes mei in ‘z’ hearre en sadwaande op ‘ze’ en ‘zje’ hearre út te gean. Yn deselde alinea stie ‘op ’e nij’, dat we no as ‘opnij’ skriuwe. It ûnderskied tusken ‘hjir’ en ‘dêr’ wurdt ek net mear begrepen. It is dúdlik, it wurdt tiid dat skoallen goed Frysk ûnderwiis jouwe. Oars kinne sokke websiden en rapporten aanst hielendal net mear yn it Frysk skreaun wurde!

Soe Kurrikulum.frl no mar dat betrouwen jaan. Soe der no mar stean, of noch yn komme te stean, dat alle bern op alle skoallen yn Fryslân gewoan Nederlânsk en Frysk leare moatte en dat we mei-inoar yn Fryslân gewoan beide talen brûke kinne. Dat lês ik net. Der steane hiel oare dingen. Der wurdt no praat oer fjouwer Grutte Opdrachten (Go’s). Dan giet it om 1) Fryske taal en kultuer yn heden, ferline en takomst, 2) Ferkenning fan de Fryske taal en meartalich taalbewustwêzen, 3) De Fryske taal leare en brûke, 4) Taalkeunst en taalwille. It is al nuver dat Fryske taal leare en brûke as tredde GO neamd wurdt en dat der net stiet hoe’t it moat. Dêr giet it ommers om. It oare is der allegearre op ta.

Wy moatte de dingen net yngewikkeld meitsje. Wy moatte ús ek net ôfliede litte. Dat dogge we al. Wy stoarje ús allegearre blyn op de wein dy’t stilstie en no wer giet. It ferfelende is dat it alle kâns hat dat we it wer oer in oare oanpak ha, wylst we de âlde noch hieltyd net regele ha. It sil ús opnij ôfhâlde fan wêr’t it om gean moat. We moatte op skoalle Frysk leare. Dat moatte we ferstean, lêzen, prate en skriuwe kinne. We moatte tagelyk wat fan de Fryske literatuer en skiednis ôf witte. It Frysk gewoan op deselde wize as it Hollânsk yn Fryslân brûke kinne. Dat hoecht wier gjin heikarwei te wêzen.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 2 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maaie 5, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen maaie 5, 11:02

    Ik tink dat Mulder gelyk hat. De grûnteksten binne by ús provinsje foar it neist allegear yn ABN en wurde fermoedlik yn de fertaalmasine troppe. Lekker maklik, mar net de goede wei. En dan docht ek noch bliken, dat dy masine ‘heden’ net ken. No, dan litte we it mar sa. (?) Sa net, ik freegje my ôf wêrom’t ‘opnij’ foar kar nommen wurdt boppe ‘op ‘e nij’. It is ommers ek: yn ‘e sliep, op ‘e dyk, op ‘e syk ensfh. Op ‘e dyk wurdt hjoeddeis ek al oerset mei ‘op strjitte’. Beart as skuorde klokken.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.