Aant Mulder: Falske freonen

maaie 26, 2020 07:08

Kollum

Fan ’e wike waard ik konfrontearre mei it begryp falske freonen. Sokke ‘freonen’ komme tusken talen foar. It giet nammers om wurdsjes dy’t yn dy twa talen eins hielendal gelyk binne as it om skriuwwize en útspraak giet, mar dy’t tagelyk yn dy beide talen foar in part ferskillende betsjuttingen ha. As men dan it wurdsje út de iene taal yn de oare taal brûkt sûnder om dat betsjuttingsferskil te tinken of gewoan om’t men dat net wit, dan kin der maklik betizing ûntstean.

It begjin fan dit ferhaal is de yngewikkelde kant it neist. Ik tink dat ik mar gau nei de talen en de foarbylden ta moat. Ik begjin mei it Ingelsk en it Hollânsk. It wurdsje knigt, sette we maklik as ‘knecht’ oer, mar it kin likegoed opfette wurde as ridder. By legal moat net allinne tocht wurde oan legaal mar ek oan juridysk. Mei in map wurdt in lânkaart bedoeld en dêr kin dus neat yn opburgen wurde. By meaning giet it net om in miening mar om de betsjutting fan it ien of oar. It binne stik foar stik wurdsjes dy’t samar betizing opsmite kinne. Dat binne dus falske freonen of yn it Ingelsk ‘false friends’.

foto © Aant Mulder

Dat wurket tusken oare talen net oars. Nim it Dútsk en it Hollânsk mar. In Ausflug is net in útflecht, mar efkes derop út. In Bauer is net in bouwer mar in boer. In foarbyld dêr’t we allegearre wol fan heard ha is bellen. Dat hat neat te krijen mei ús skiljen of beljen. Nee, bellen betsjut blaffe. Wa fan ús soe net ris it grapke makke ha oer de hûn dy’t bellet! Wer sa’n wurdsje dat maklik betizing opsmyt. Oare foarbylden: It Dútske beschilderen hat neat te krijen mei skilderjen mar alles mei it oanbringen fan (rûte)buorden. Gekocht betsjut ‘gekookt’ en net ‘gekocht’. Kuchen, dêr ha ik my ek wolris mei fersind. Dat betsjut net datst in stikje koeke krigest mar gebak of taart. Allegearre falske freonen dus of yn it Dútsk ‘Falsche Freunde’.

Ik kin it net litte en neam ek noch in pear foarbylden út it Frânsk wei. Dat chaud op kâld liket, mar waarm betsjut, witte we allegearre wol en dat mei hôtel de ville it stedhûs bedoeld wurdt en net in hotel begripe we ek wol. In menteur is likegoed gjin mentor mar in liichbist en in mer is gjin mar, mar in see. Ordinaire is ek in hiel aardige. Wy sille yn it Frânsk net gau ordinaire sizze as we gewoan bedoele, wylst dat eins wol moatte soe. Dat betsjut it ommers: gewoan en net ordinêr. Noch ien. Wa’t op it perron stiet, wachtet net op in trein, mar stiet op it bordes fan it stedhús of sa. Dat oer falske freonen yn it Frânsk, ‘faux amis’ dus. No moatte jimme net tinke dat ik al dat soarte fan foarbylden paraat ha. Aldergelokst biedt ek wat dit stik fan saken oanbelanget it ynternet útkomst.

De neamde betsjuttingen rinne dus yn de beide talen net lykop
en dat makket dat we mei falske freonen te krijen ha.

No’t we in bytsje witte wat falske freonen binne, wurdt it tiid en sjoch nei it Hollânsk en it Frysk. Ik begjin mei it Hollânske bil dêr’t guon fan ús grif wolris mei tangele sitten ha. Te uzes giet it net allinne om it bil mar ek om de ‘dij’. In oar moai foarbyld fyn ik it Hollânske wurdsje dijk dat te uzes net allinne dyk mar ek wei betsjutte kin. In oar foarbyld. Vergeefs wurdt by ús fergees, en kin ‘tevergeefs’ (om ’e nocht) en ‘gratis’ betsjutte. De neamde betsjuttingen rinne dus yn de beide talen net lykop en dat makket dat we mei falske freonen te krijen ha. Ut it Frysk wei besjoen binne der noch wol wat wurdsjes dêr’t we algeduerigen mei tangele sitte: De mich is net in ‘mug’ mar in ‘vlieg’. Fan rinne soene we tinke kinne dat dat itselde as ‘rennen’, mar sa sit it net. Rinne is ‘lopen’.

Ik hie it earder al efkes oer ynternet. Dêr binne ek aardich wat Fryske falske freonen te finen. Sa fûn ik in âlde site: www.taalbaas.nl. Foar 2007 wie Taalbaas in rubryk yn ’e LC. Tusken 2007 en 2017 wie it in webside, dy’t ek fia It Nijs folge wurde koe. Yn Taalbaas komme nijsgjirrige taalsaken oan ’e oarder. Wa’t der aardichheid oan hat, kin ik dy side oanrekommandearje. Dêr fûn ik ek in pear artikels oer falske freonen. Dêr wurde wurdsjes lykas: wei-weg, leven-lawaai, slim-erg, merk–markt, del-neer en noch folle mear oare wurdsjes mei-inoar ferlike. Okkerdeis hearde ik ek noch dat foar ‘weerbaar’ (jinsels rêde kinne), ‘warber’ (aktyf wêze), brûkt waard. In prachtich foarbyld fan falske freonen, ‘valse vrienden’ dus.

It aldermoaiste foarbyld ha ’k foar ’t lêst bewarre. Dat foarbyld kenne we allegearre wol. Ik bedoel it wurdsje net dat we troch dy bearenburchreklame fan in tal jierren ferlyn grif nea wer ferjitte sille: It kin net. Foar Friezen betsjut dat, dat it net, dus ‘niet’ kin. Wa’t it Hollânsk yn ’e holle hat, tinkt dat it ‘net’, dus krekt kin.

De betsjutting dy’t yn it Frysk net strykt mei de Hollânske betsjutting komt maklik faai te stean. Foarbyld. Ik hie it oer it wurdsje dijk, dat we te uzes foar dyk en wei brûke kinne, mar tagelyk dogge we dat hieltyd minder en prate we faker oer diken en wegen. Miggen wurde gauris ‘muggen’ en fan need prate we dan ek mar fan ‘fligen’. Ik bin it net tsjinkommen, mar neffens my kin it wurdsje buren der ek wol by. Yn it Hollânsk binne dat de minsken njonken ús of in streekje huzen. Wy ha dêr twa wurden foar: buorlju en buorren. Under ynfloed fan de beheinde Hollânske mooglikheden brûke we no ek hieltyd faker allinne mar: buorren foar allebeide de begripen. Of soe dat no wer in gewoane ynterferinsje wêze. Hawar, nijsgjirrich bliuwt it wol.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 23 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

maaie 26, 2020 07:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.