Aant Mulder: Bliuw thús

maaie 19, 2020 07:00

Kollum

Sûnt Peaske wit ik hoe’t dat yn oare talen klinkt. ‘Bleib zu Hause. Restez a la maison. Blijf thuis.’ Hoe’t dat sa komt? Dat kaam troch de koroanataspraak dy’t ús minister-presidint Mark Rutte, ik leau op 2 april hold. Dat wie rom foar de peaskedagen op 12 en 13 april. Wy binne dy taspraak hast al wer fergetten. Der bart ommers safolle. De iene parsekonferinsje fan de minister-presidint jaget suver de oare. Hoewol, as it my net mist, hat er faker sein: ‘Bleib zu Hause. Restez al la maison. Blijf thuis.’

De man die dy oprop om foar te kommen dat it mei de peaskedagen rûnom in drokte fan belang wurde soe. Dat hie samar kinnen. Om Peaske hinne brûke de minsken de frije dagen graach om der efkes op út te gean. As it waar dan ek noch meiwierret, en dêr like it op, dan wurde de groepen dy’t derop út wolle allinne mar grutter. Dêr kaam noch by, dat hieltyd mear minsken sa stadichoan har bekomst fan it yn ’e hûs sitten krigen. Om drokten foar te kommen wie dus in oprop wol op syn plak.

Tagelyk betocht it regear dat it hiel goed mooglik wie dat it peasketoerisme út oare lannen wei wolris foar noch gruttere en sels te grutte drokten soargje kinne soe. Nederlân hie de grinzen ommers net sletten. Dêrom bleau der net folle oars oer as om oan dy toeristen te freegjen om thús te bliuwen. Dat die de minister-presidint: ‘Bleib zu Hause. Restez a al maison. Blijf thuis.’ Dat diene amtners oan de grins fan Dútslân en België nei Nederlân ta ek. It sil in bytsje holpen ha, mar net in protte. De peaskedagen binne aardich drokke dagen wurden, witte we no.

Dêr giet it my no net om. It giet my om de talen dy’t brûkt waarden. Ik bedoel it Dútsk en it Frânsk. It Dútsk is wol dúdlik. It Frânsk sil wol brûkt wêze om de Frânsktalige Belgen en dy pear Frânsen te ûntmoedigjen. Mar wacht ris, dêr giet it my ek net om. It giet my om de talen, dy’t net brûkt waarden. Dat Rutte net sei: ‘Stay at home’, dat fernuvere my. It Ingelsk is dochs wol in taal dy’t troch party minsken goed begrepen wurdt. It is ek suver de taal fan it ynternasjonale toerisme. Hawar de pommeranten sille tocht ha dat toeristen út Ingelsktalige lannen dochs net komme koene, om’t fleantugen oan ’e grûn stean en boaten oan ’e kaai lizzen bleauwen. Likegoed hie ’k it net raar fûn as yn de trije talen om ús hinne oan de minsken frege west hie om thús te bliuwen.

As it regear graach wol dat we thús bliuwe, dan moatte we, fyn ik,
dêrta oproppen wurde yn de talen dy’t by dat thúsbliuwen hearre.

Hawar as dat alles west hie, wie ik nea oer dit ûnderwerp begûn. Nee, der sit my noch wat oars dwers. As it regear graach wol dat we thús bliuwe, dan moatte we, fyn ik, dêrta oproppen wurde yn de talen dy’t by dat thúsbliuwen hearre. Ik neamde de trije talen om ús hinne al, mar yn eigen lân hearre dan twa talen brûkt te wurden. Dy ha wy ommers: it Hollânsk en it Frysk. Dus: ‘Blijf thuis. Bliuw thús.’ Us twadde rykstaal waard nei alle gedachten net oan tocht, net nedich of gewoan te lestich fûn. Soks muoit my. Yn petearen krije we hieltyd te hearren dat der mear mei it Frysk dien wurde moat. Dat hearre we yn De Haach en yn Ljouwert. As de kniper lykwols op ’e skine komt, litte dyselde pommeranten it as earsten ôfwitte.

Ik bin benijd hoe’t it mei Pinkster komt. Soene we dan ús gong gean kinne en soene de toeristen dan wer wolkom wêze. It tink it eins net, want in twadde koroanaweach sit nimmen op te wachtsjen. Dat as de minister-presidint dan wer in taspraak hâldt, soe ik him freegje wolle en sis: ‘Stay at home. Bleib zu Hause. Restez a la maison. Blijf thuis. Bliuw thús.’ It sil him wol net wurde. Wy sille wat dat oanbelanget wol wachtsje moatte oant Peaske en Pinkster op ien en deselde dei falle.

Stel dat yn dy taspraak wol de beide rykstalen neamd wiene, dan hiene we der te uzes moai efkes oer trochprate kinnen. Wy ha ommers prachtige wurden en útdrukkingen foar: ‘Bliuw thús.’ Hawar dat kin no ek wol, want we binne wer foar de tichte of de winige doar kommen (ôfwiisd), om’t se der yn De Haach neat mei te krijen ha wolle. Dat se fan sokke dingen net thús binne, moatte we it mar wer mei dwaan. It komt ús thúsgefoel net te’n goede. It Frysk mei ommers wer op de thúsbliuwerswein mei. It Frysk is nei alle gedachten foar om hûs en hear, foar op ’e pôle. Wy ha dus mooglikheden genôch om yn it Frysk wat oer thúsbliuwen te sizzen. Likegoed is it fan ús minister-presidint te folle frege en sis ‘Bliuw thús’.

Ik soe fansels in klacht yntsjinje kinne. Dat kin no ommers. Sûnt 11 maaie ha we in meldpunt foar klachten oangeande it Frysk. Dat is in moai inisjatyf. It giet om in proef foar twa jier. Der is in telefoannûmer en in klachteformulier op de side fan de Provinsje beskikber. Ik wol der gjin kwea fan sprekke, mar in klacht moatte jo, as jo jo lilk makke ha, fêsthâlde en letter moatte jo om webside of telefoannûmer sykje. Dat hâldt nochal wat yn. Dêr komt noch by dat de kâns grut is dat de klachten net folle opsmite om’t formulearringen oangeande it Frysk gauris romte jouwe om it Frysk al of net te brûken. Soks kin samar fan gefolgen ha dat der net folle klachten ynkomme en dat oer twa jier sein wurdt dat it it allegearre ôfgryslik tafalt en dat der neat hoecht te feroarjen. Dêr sil dizze kollum, al of net as klacht yntsjinne, neat oan ôf- of tadwaan.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 16 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maaie 19, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.