Nei de oare kant fan ’e wrâld (wike 11)

maaie 21, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Sûnder heit, mem en myn broer bin ik ferline saterdei wer nei Havana weromreizge. Efkes wenne, mar dizze wike is wer foarbyflein.

Foar de fakânsje haw ik op skoalle myn lêste sertifikaat helle op nivo 3: intermedial. Ik moast in soad grammatika leare en ûnder de lessen lei de klam net mear sa bot op it praten. Dat is wol krekt wat ik wol, dus moast ik wat oars betinke. Ik haw kontakt opnommen mei ien fan ’e dosinten mei de fraach oft se ek priveelessen jaan woe. Dat woe se hiel graach (jild byfertsjinje, want it ynkommen fan in dosint op ’e universiteit is 55 cuc de moanne). Myn twa freondinnen sleaten har oan en sa ha we fan moandei oant freed alle dagen twa oeren priveeles yn hotel Libre. De neidruk leit op it praten en it learen fan nije wurden. Wy ha fansels ek grammatika, mar dat hat net mear de oerhân. Dizze lessen wurkje foar my hiel goed. Ik sjoch ynienen ek in soad oerienkomsten mei de Nederlânske taal. Krekt of falt it kwartsje no, trochdat it wat stadiger giet.

Fierder wurdt it mei de dei waarmer. It is no moarns om in oere as njoggen al 26 graden. Dan bin ik bliid dat ik les ha yn hotel Libre, mei airconditioning. De klasselokalen op skoalle hienen dat nammentlik net. Freeslik.

It itensieden giet my hjir noch net sa goed ôf. Yn it foarste plak is it hast ûnmooglik om alle yngrediïnten te finen foar in knapachtich miel. Fierder is it keukentsje hjir net hiel skjin. Mei dat lêste allinich al is it gau error yn ’e holle, mar ik rêd my wol. Foar hast al myn freonen op skoalle is it harren twadde kear op Kuba. Sy wienen taret op it krappe iten en ha in soad fan harren eigen lân meinommen. Lokkich nûgje se my hast trije kear yn ’e wike út om by harren te iten. Dat foldocht my bêst. Ik haw in goed adreske foar de neigesetsjes, dus dy nim ik foar harren mei. Mar by dizze: as ien fan plan is mear as ien moanne op Kuba te ferbliuwen, nim dan dyn eigen itersguod mei, en ik wol it adreske fan ’e neigesetsjes ek wol trochjaan, hear.

Alle dagen rin ik by in grientemerk del en dan swaai ik ek altyd efkes, omdat it sokke aardige minsken binne. Ik keapje der faak wat en dan ha we altyd in moai praatsje. Sa swaaide ik hjoed ek wer en hold ien fan harren my oan. Ik miende dat er wat sei as: “Ast hjir fan ’e middei wer delrinst, moatst ús mangos ris keapje. Dy binne hearlik.” Ik fûn dat wol grappich. Dus sa wie ik der krekt wer en hy folle myn pûdsje mei mangos en oar fruit. Hy sei: “Foar dy, myn freon.” Sa leaf, mar dat woe ik fansels net en woe him jild jaan. Hy woe it allinnich echt net oannimme. Ik haw him betanke en sein dat ik gau wer ris delkomme soe. Hy hat grif tocht: se keapet hjir sa faak wat, rint hjir alle dagen del: se kriget in pûdsje fruit fan my. Soks fyn ik prachtich. Net om it fruit mar suver en allinne om it gebeart.

Geeske van der Sluis

maaie 21, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.