Ynstjoere foar de Rely Jorritsmapriis kin noch oant 10 maaie

april 22, 2020 12:14

Rely Jorritsma

Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 10 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.

De ynstjoeringen moatte digitaal as Word-bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery, dy’t dit jier foarme wurdt troch Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl.

Minsken dy’t Fryske ferhalen of fersen skriuwe, kinne gading meitsje nei in Rely Jorritsmapriis. Yn ’e beneaming komme oarspronklike gedichten en koarte ferhalen yn it Frysk. It yn te stjoeren wurk mei net earder ferspraat of publisearre wêze, op ynternet stien hawwe, earne foarlêzen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht. In skriuwer mei net mear as ien gedicht en/of ferhaal ynstjoere.

Mear ynformaasje is te finen op www.stiftingflmd.frl. Der kin ek skille wurde mei Antje Postma fan it FLMD, 06-53127799.

april 22, 2020 12:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.