Wurkplak Claudy Jongstra tydlik yn Frysk Museum

april 5, 2020 08:41 Fernijd

Unike gearwurking Claudy Jongstra, Museum De Lakenhal en Frysk Museum yn tiden fan it koroanafirus

Claudy Jongstra hat foar de tiid fan koroanakrisis in wurkplak fûn yn it Frysk Museum om dêr troch te wurkjen oan de monumintale ynstallaasje NINE foar Museum De Lakenhal te Leien. Dy sil dêr letter dit jier te sjen wêze as grutte solo-útstalling.

Claudy Jongstra (foto: David Vroom)

Wurkplak Claudy Jongstra yn Frysk Museum
Yn ’e hjerst fan 2020 presintearret Museum De Lakenhal in grutte solo-útstalling fan keunstner Claudy Jongstra. De nije eksposysjefleugel fan it krekt restaurearre en útwreide museum wurdt dan hielendal wijd oan har wurk. Neist besteande projekten sil dêr de grutste ynstallaasje út de karrière fan Jongstra te sjen wêze: goed 250 m2 sinlike byldûnderfining.

Foar de ûntwikkeling fan dat monumintale keunstwurk socht Jongstra noch nei in geskikte wurkromte, wat net ienfâldich wie. Gelokkich bea it Frysk Museum útkomst: no’t it museum tydlik ticht is fanwegen it koroanafirus kin Jongstra de kommende wiken dêr yn de grutte ûntfangsthal wurkje. Dêr sil hja in tydlik atelier ynrjochtsje, oant it Frysk Museum wer iepen giet. Direkteur Kris Callens: “Wy binne bliid dat wy, sels yn dizze drege tiden, bydrage kinne oan de realisaasje fan nije keunst. Dat Claudy Jongstra, as keunstner yn Fryslân, wurkje kin yn ’e hal dêr’t in grut wurk fan har permanint te sjen is, makket it in logysk plak.”

Koroanakrisis, Claudy Jongstra en de takomst
Troch de koroanakrisis is it iepenbiere libben stillein. In soad minsken freegje har ôf hoe’t it aanst fierder moat: geane wy wer oer ta de oarder fan ’e dei? Of sil der ûnder ynfloed fan de krisis wat wêzentlik feroarje? Yn dy kontekst is it wurk fan Claudy Jongstra aktueler as ea. Mei har keunstwurken en libbenswize lit hja sjen hoe’t wy de relaasje tusken minske en natuer op ’e nij foarm jaan kinne. Yn 2001 kaam Jongstra yn Fryslân te wenjen, dêr’t hja mei har eigen keppel skiep wurket oan in oeuvre dat foaral út wol en side bestiet. Hja is in hertstochtlik pleitbesoarger fan duorsemens, mei each foar it behâld fan bioferskaat op basis fan histoaryske plante- en siedkennis. As keunstner blaast hja âlde ambachten nij libben yn, lykas it weven en ferfiltsjen fan wol. Alle materialen wurde lokaal en duorsum produsearre, yn nauwe ferbinding mei de mienskippen deromhinne. Meta Knol, direkteur Museum De Lakenhal is der grutsk op dat har museum se troch dizze bysûndere gearwurking mei Jongstra sjen litte kin wat de krêft is fan duorsumens, lokale woarteling en mienskip. “Jongstra toont bovendien aan dat juist de verbinding met het verleden ons de weg kan wijzen naar de toekomst. Voor ons als museum is dat een positief en inspirerend voorbeeld, dat we graag delen met zoveel mogelijk anderen”, is Knol fan betinken.

Proses fan it meitsjen
It Frysk Museum en Museum De Lakenhal wurkje gear mei Studio Claudy Jongstra oan de tastânkomming fan it nije keunstwurk. Troch berjochten op de ferskate sosjale mediaplatforms kin eltsenien it ûntsteansproses folgje en ûnderwilens yn ’e kunde komme mei Jongstra’s libbensfilosofy en it ynspirearjende takomstbyld. Jongstra: “By it meitsjen fan keunst is foar my in holistyske wurkwize fan fûneminteel belang. Yn myn wurk steane de regenerative lânbou, lokale materialen en behâld fan âlde kennis sintraal. Yn dizze tiid fan koroanakrisis blykt dat noch relevanter en wichtiger as eartiids. No’t de wrâldwide leveringskanalen ûnder de hjoeddeiske beheiningen steane, fernimme we de foardielen fan it beskermjen fan lokale helpboarnen en it nij libben ynblazen fan regionale produksjesystemen.” 

Gearwurking foar langere tiid mei museum De Lakenhal
Museum De Lakenhal en Claudy Jongstra wurkje sûnt 2018 gear. De keunstner en it museum fine inoar yn de ferbining mei de histoaryske warberens op it gebiet fan tekstyl, dy’t yn de permaninte kolleksje-opstelling om de ‘Zeven Eeuwen Leids Laken’ hinne sjen litten wurdt. Neist de boppeneamde solo-útstalling hat Jongstra ek Nij Leidsk Lekkenstof foar it museum ûntwurpen: in wollen stof dy’t de meter ferkocht wurdt yn de museumwinkel. De kommende útstalling wurdt ûntwikkele yn gearwurking mei kurator Nicole Roepers en gastkurator Suzanne Oxenaar, mei in publikaasje fan útjouwerij See All This. Utsein de nije ynstallaasje sil Jongstra ek it projekt WOVEN SKIN sjen litte. De iepeningsdatum fan de útstalling wurdt bekend makke as Museum De Lakenhal wer iepen giet foar publyk.

april 5, 2020 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.