Winners earste jubileum-fotokriich It Fryske Gea
Resint ferskynd
It earste seizoen van de jubileum-fotokriich Kiek’es! fan It Fryske Gea sit derop. De winterrige is wûn troch Piet Blokland út Froubuorren mei syn ynstjoering ‘Springtij Buitendijks’. Hy mei in wykein trochbringe yn in húske fan Buitenleven Vakanties. Andries Dijkstra út Noardwolde krige de twadde priis mei ‘Pleats Cuba yn it skitterjende febrewaris ljocht!’ en Hanneke Hamstra út it Surhústerfean waard tredde mei ‘Genieten in bos Bakkeveen’.
It Fryske Gea nûge fanwegen syn njoggentichjierrich jubileum de besikers fan syn gebieten út om harren moaiste foto’s mei oaren te dielen. Der wiene 147 ynstjoeringen, soms makke mei profesjonele apparatuer, soms mei in mobyltsje. De faksjuery keas dêr tsien út en dêrnei mocht it publyk online út dy nominaasjes kieze. Blokland wûn mei 22% fan de stimmers.
It twadde seizoen – maitiid – is ûnderwilens útein set. Nettsjinsteande de koroanakrisis hopet It Fryske Gea op moaie plaatsjes, mar de rjochtlinen fan de oerheid binne belangriker. Dêrom meie ek maitiidsfoto’s fan de natuer ticht by hûs ynstjoerd wurde, mar se moatte wol fan dit jier wêze. Dat kin troch se oant en mei 31 maaie op www.itfryskegea.nl/kiek-es te setten. De priisútrikking is yn in juny.
De ynstjoering fan de simmerrige begjint op 1 juny en dy foar de hjerst op 7 septimber.

Earste priis: Piet Blokland

Twadde priis: Andries Dijkstra

Tredde priis: Hanneke Hamstra
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje