Wêrom’t Sweden kapperssaken en terrassen iepen hâldt

april 29, 2020 16:00

Johan Giesecke (skermprint UnHerd)

It sluten fan restaurants, kapperssaken en skoallen laat yn de measte Europeeske lannen ta grutte ûnwissichheid oer it ynkommen. Guon lannen, lykas Frankryk en België, wolle boppedat dat alle minsken binnendoar bliuwe, en beheine de bewegingsfrijheid troch de driging fan hege boeten. Ien lân yn Europa docht it oars: Sweden. De man efter it Sweedske antykoroanabelied is heechlearaar firology Johan Giesecke.

Giesecke leit út dat Sweden allinnich maatregels nimt dêr’t fan bewiisd is dat se wurkje. Dat binne twa: goed hânwaskje en net te ticht by oare minsken komme. It doel is om troch dy maatregels it firus sa sterk ôf te remjen dat de sikehuzen de pasjinten oan kinne.

Heger deadetal is tydlik

Op it stuit is 0,02 persint fan ‘e ynwenners fan Sweden ferstoarn oan it koroanafirus. Dat is fiif kear safolle as yn buorlân Noarwegen, dat wol strange maatregels nommen hat. Giesecke leit oan it Eastenrykske nijswebstee Addendum út dat dat net betsjut dat Sweden it ferkeard docht. Hy seit: “Yn Eastenryk sille wer mear minsken stjerre as alles wer iepengiet. Troch de sluting hawwe jim de dea fan dy minsken allinnich nei de takomst ferskood. Wy moatte oer in jier it tal deaden yn Eastenryk en Sweden mar wer ris neistinoar lizze, dan sille se likernôch gelyk útkomme. Mei it ferskil dat Sweden der dan ekonomysk better foarstiet. De ekonomy sil noch lang lêst hâlde fan de slutings.”

Topke fan de iisberch

Neffens Giesecke hat de befolking te min yn ‘e gaten dat de goarre foar it grutste part ûnsichtber bliuwt. De measte minsken dy’t it koroanafirus krije, wurde net of amper siik. Hy seit: “Wat wy sjogge, is it topke fan de iisberch: wat sike minsken en noch minder swier sike minsken, de echte epidemy bliuwt foar ús ferburgen.”

Wat de deadlikens oangiet, leit it koroanafirus justjes heger as in swiere gryp, seit Giesecke. Hy rûst dat 0,1 à 0,2 persint fan de besmette minsken oan de besmetting deagiet. Hy seit: “De measte minsken hawwe der gjin aan fan hoefolle deadlike slachtoffers oft de gryp alle jierren makket. Yn Eastenryk binne dat sa’n 1500 minsken yn it jier en de measten dêrfan komme hielendal net yn de statistiken. De jierlikse grypdeaden binne wy oan wend, dy akseptearje wy. Dat fyn ik nijsgjirrich, want de grypswierrichheden binne net hiel oars as it koroanafirus.”

Polityk wol te graach hannelje

Giesecke tinkt dat politisy te graach sjen litte wolle dat hja diedkrêftich reagearje kinne. Neffens him is it dúdlikste foarbyld it besproeien fan stoepen mei gloar: sinleas, mar in teken fan in aktive oerheid. Mûlekapkes is neffens de heechlearaar ek net fan oantoand dat se doel hawwe. Itselde jildt foar it sluten fan lânsgrinzen en it ferbieden fan reizen. It firus sil him dochs wol ferspriede, seit er, allinnich in bytsje stadiger. Boppedat, seit er, sil yn in demokratysk lân de befolking nei in pear moanne easkje dat de beheinings yn de maatskippij opheft wurde.

Doel fan it Sweedske belied

It Sweedske belied hat wol in dúdlik doel, seit Giesecke: de minsken dy’t in heech risiko rinne, nammentlik âlde en sike minsken, beskermje. Dy moatte sa lang mooglik yn isolaasje bliuwe. Dan hat de rest fan ‘e befolking de sykte hân. As dy ymmuniteit feroarsaket, dan binne de âlde en swakke Sweden beskerme troch in grutte groep ymmune lânslju om har hinne.

Op in faksin wachtsje is neffens Giesecke ûnsin. Hy seit: “Wy witte net wannear’t in faksin beskikber is en hoe betrouber oft dat is. Wy witte ek noch net oft it minsken ymmún meitsje sil en hoe lang. Normaalwei is natuerlike ymmuniteit better as in faksin. En as blykt dat minsken gjin ymmuniteit tsjin it firus ûntwikkelje, wa seit dan dat in faksin soks wol bewurkmasterje kin?”

“Oer in jier is it efter de rêch”

Op de fraach hoe’t de pandemy him fierder ûntjaan sil, antwurdet Giesecke: “De measte minsken hawwe net yn ‘e rekken hoe besmetlik oft dizze sykte is en hoe dreech oft it is om jin dertsjin te beskermjen. Ik tink dat de goarre oer in jier foar it grutste part efter de rêch is.”

Hjirûnder is in Ingelsktalich petear mei Giesecke te sjen troch it ynternetnijsmedium UnHerd:

april 29, 2020 16:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.