Wat de Twabaksmerk en in bakkersdozyn mei-inoar te krijen ha

april 26, 2020 08:42

Priuwke út De Nije: in taalkundige, histoaryske en kulinêre analyze fan Anne J. Cornelis

Bakken binne bysûnder om hoe’t se makke wurde en om hoe’t se neamd wurde. It is in echt bakkersprodukt, dat we hieltyd faker ‘beskuten’ neame. It  is nijsgjirrich om nei te gean hoe’t dat bakkersprodukt oan dy namme kaam en dy namme eins ek wer kwytrekket.

De âldste namme fan bakken is bis coctus. Dat is Latynsk en betsjut oars neat as twa kear bakt. Dat waard yn it Italiaansk biscotto en yn it Frânsk biscuit. It Dútsk, it Hollânsk en it Frysk hâlde earst op Germaanske wize fêst oan de betsjutting: Zwiebak, tweebak en twa- of twibak. It Hollânsk hat letter foar tweebak in ynterferinsje foar kar nommen troch tweebak hieltyd minder en beschuit (biscuit) dus hieltyd mear te brûken en dat hawwe wy yn it Frysk lang om let ek dien. De twa- of twibak waard in bak en dat waard in beskút. Ik freegje my lykwols ôf oft we dat wurdsje no út it Hollânsk of út it Frânsk wei oernommen hawwe. Dat lêste soe ek samar kinne, want yn de Frânske tiid ha we wol mear Frânske wurdsjes oernommen en dêr Frysk fan makke.

De bakken en de skipfeart hearre byinoar. Bakken waarden eartiids benammen bakt foar de skipfeart en de fiskersskippen en waarden dêrom ek wol seekaak neamd. Dat wie eins wol logysk, want om’t it dûbeld bakt wie, koe it ferskuorrende lang goed bewarre bliuwe, wylst it iten fan bakken net minder sûn wie as it iten fan brea en bôle. No moatte we net tinke dat de bakken fan doedestiden deselde binne as dy fan no. Nee, it wiene doe hurde stikken, dy’t weakke wurde moasten. Dat se twa kear bakt waarden, dat is de oerienkomst tusken doe en no. It sil net fernuverje dat yn de Saanstreek omraak bakken bakt waarden. Sy waarden by’t hûndert ferpakt en ferkocht. Letter kamen der ek ferpakkingen foar 50 en 25 bakken by.

De bakken wiene dus yn it foarste plak ornearre foar de matroazen op de seeskippen en de fiskers op de fiskersboaten. Likegoed fearen de skippers fan de Saan mei harren boaten nei wykmerken yn in grut ferskaat oan plakken yn eigen lân. Ljouwert is dêr wol in hiel moai foarbyld fan. Yn 1581 hawwe de Ljouwerter bakkers harren nocht fan dy twabakskippers. Sy meie de twabakken noch wol op de wykmerk ferkeapje, mar dat moat op in plak dêr’t de bakkers der minder lêst fan hawwe. Dat wurdt de ‘nije markt’. Dêr dogge se oant healwei de santjinde iuw goede saken. Dan nimt de fraach ôf. It plak dêr’t se hast in iuw lang harren bakken ferhannele hawwe, hjit sûnt dy tiden de Twabaksmerk. Stedsargivaris Wopke Eekhoff (1809-1880) hat letter besocht de namme te feroarjen. It moast in moaiere, in deftiger namme wurde. Dat slagge net.

Dat de fraach yn de santjinde iuw feroare hie grif te krijen mei it feit dat der hieltyd mear bôle iten waard. Bakken waarden krekt as brea in soarte fan delikatesse. De fraach nei lytsere ferpakkingen naam ta. En sa waard de ferpakking fan 25 bakken in hieltyd nijsgjirriger probleem. Fan hûndert waard earder al 50 makke en fan 50 waard doe wer 25 makke. Mar wat dogge jo mei 25? Moat dat wer de helte wurde, dus tolve en in heale, of 12 of 13? De bakkers besleaten om nei boppen ta ôf te rûnjen en dus kamen der 13 bakken yn in nije en lytsere ferpakking. Dat hie in moaie útdrukking fan gefolgen: in bakkersdozyn. Prachtich dochs?

It iennichste wat bakken dus mienskiplik hawwe, dat is dat se twa kear bakt wurde. De earste kear waard ornaris op in wat legere temperatuer bakt. As dat slagge, wiene de bakpoffen klear. Dy waarden dan troch de helte snien, in ûnderste helte en in boppeste helte. Beide helten waarden dan wer bakt. Dat waard op in aardich hegere temperatuer dien. Dat waarden dan de twibakken.

Wêrom waarden bakken dan beskuten? Lês de folsleine analyze fan Anne J. Cornelis yn it foarrige nûmer fan tydskrift De Nije, dat iten & drinken as tema hie. De folgjende jefte, mei as tema rekreaasje & toerisme, is lykwols al kommendewei. Mocht dizze sadwaande al net mear te krijen wêze yn jim boekhannel of Poiesz-supermerk, dan is der noch altyd ien te besetten fia in mail nei denije@gmail.nl.

Wa’t de smaak te pakken krige hat, kin in abonnemint nimme: klik hjir foar it opjefteformulier.

april 26, 2020 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.