Waarpraatsje: Oanhâldend myld

april 6, 2020 18:53

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei wer in strieljende dei en boppedat noch wat waarmer as snein. Yn ‘e rin fan ‘e middei rekke de loft berûn en jûn kin it in bytsje reine.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei wurdt it stadichoan wer helder en der kin op guon plakken damp ûntstean. De swakke wyn komt út it westen en letter út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Tiisdei kin it earst noch (wat) dampich wêze, mar letter skynt de sinne flink. De wyn giet nei it easten oant noardeasten en is swak. It wurdt tusken de 15 en 18 graden.

De oare dagen fan ‘e wike bliuwt it myld.

Jan Brinksma

april 6, 2020 18:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.