Waarpraatsje: Maitiid kommendewei

april 2, 2020 18:00 Fernijd

Langwarder Wielen. foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Wy moatte der noch efkes op wachtsje, mar fan snein ôf wurdt it maitiid.

Tongersdeitejûn is de loft berûn en kinne der inkelde buien falle. Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft ek berûn, mar der is sa út en troch ek in opklearring. De wyn komt út it westen en is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 3 graden.

Freed wikselje bewolking en sinne inoar ôf. Op guon plakken kin der in buike falle. By in matige noardwestewyn wurdt it 8 graden.

Sneon is it noch fris, mar snein leit de temperatuer om de 15 graden hinne. Maitiid.

Jan Brinksma

april 2, 2020 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.