Waarpraatsje: Drûch mar skrousk

april 1, 2020 19:02

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei in skiere dei. Boppedat wie it oan de kâlde kant. Tongersdei en freed feroaret der noch net in soad.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn, mar in inkelde opklearring is net útsletten. By in swakke oant matige súdwestewyn leit de temperatuer op de measte plakken krekt boppe it friespunt.

Tongersdei wikselje bewolking en (wat) sinne inoar ôf. De wyn komt út it westen oant súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 9 graden.

Freed en sneon feroaret der net folle, fan snein ôf wurdt it in stik mylder.

Jan Brinksma

april 1, 2020 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.