Waarpraatsje: Boesgroentsjewaar

april 5, 2020 19:55

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kreas, myld en strieljend wykein. Der stie snein wol in soad wyn, mar it waard tige myld foar de tiid fan it jier. It bliuwt foarearst kreas maitiidswaar.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it helder. De wyn komt út it suden oan súdeasten en is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Moandei skynt de sinne flink, mar yn ‘e rin fan ‘e middei rekket de loft berûn en letter kin it wat reine. De wyn is matich en komt út it suden oant súdwesten. De temperatuer leit tusken de 15 en 18 graden.

De oare dagen fan ‘e wike bliuwt it drûch en myld waar mei in soad sinne.

Jan Brinksma

april 5, 2020 19:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.