Vroege Vogels jout omtinken oan Fryske fûgelnammen

april 5, 2020 12:04

It radioprogramma Vroege Vogels hie fan ‘e moarn in fraachpetear mei biolooch Sake P. Roodbergen oer Fryske fûgelnammen. Dat nei oanlieding fan de foarrige ôflevering yn in rige telefyzjedokumintêres fan Vroege Vogels, dy’t him yn de Alde Feanen ôfspile. It (lanlike) natoerprogramma fan BNNVARA hat boppedat in kwis gearstald oer Fryske fûgelnammen. De kwis kin op de webside fan Vroege Vogels dien wurde, it fraachpetear is dêr ek te beharkjen en de dokumintêre noch werom te sjen.

Hjir binne de streekrjochte trochkeppelings:

Kwis Fryske fûgelnammen

Fraachpetear mei Sake P. Roodbergen

Vroege Vogels yn de Alde Feanen

Roodbergen hat ûnder oaren Fryske natoergidsen skreaun en in boek oer de ljip en him oppenearre yn it debat oer it aaisykjen; sjoch hjirre.

april 5, 2020 12:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.