Utstalling Keatsmuseum oer Fryske medaljewinners opskood

april 17, 2020 08:47

Op 1 maaie dit jier soe yn it Keatsmuseum yn Frjentsjer de útstalling Van Parijs tot Pyengchang iepene wurde troch de Fryske deputearre Sander de Rouwe en Anneke van Zanen, foarsitter fan it NOC*NSF. Der soene trije lêzingen jûn wurde troch follybaltrener Joop Alberda (maaie), bûnscoach shorttrack Jeroen Otten (july) en Olympysk kampioen Epke Zonderland (oktober). Dêrnjonken soene wedstriden organisearre wurde op it mêd fan it muorrekeatsen, in sterk opkommende ynternasjonale keatsfariant mei Olympyske potinsje.

Ofbylding: Utjouwerij Louise Grou

Troch de koroanakrisis binne dy ûnderdielen fan it projekt Van Parijs tot Pyenogchang in jier opskood. Dêrmei falle se dan wol opnij gear mei de Olympyske Spullen, dy’t takom jier fan 23 july yn Tokio holden wurde.

Foarsitter Bram Bonnema: ‘Wy ha besletten om ús projekt yn syn hiele hear en fear nei takom jier te tillen. Dat spyt ús tige, mar it kin net oars. Dus net allinnich de útstalling mei in protte medaljes fan Fryske Olympyske sporters, mar ek de lêzingen en muorrekeatsaktiviteiten.’

By de iepening fan de útstalling soe it boek Van Parijs tot Pyenogchang fan Pieter Breuker ek presintearre wurde. Dat boek is opdield yn twa skiften. It earste skift beskriuwt de skiednis fan it keatsen (sân edysjes), mei as hichtepunt it keatsen op de Spullen yn Amsterdam. Yn it twadde skift beskriuwt Breuker yn 29 portretten de Fryske sporters mei medaljewinst op de Olympyske Spullen. Hoewol’t it nau gearhinget mei it projekt, lit it him poerbêst selsstannich lêze. It boek is ûnder oare te keap yn it Keatsmuseum. Sjoch foar de iepeningstiden op www.keatsmuseum.frl. It boek telt 224 siden en kostet € 20.

De Fryske Olympyske medaljewinners
Fan de ûndersteande njoggentjin Fryske medaljewinners op de Olympyske Spullen binne de medaljes yn 2021 te besichtigjen by de útstalling yn it Keatsmuseum:

Jorrit Bergsma, hurdriden (2014, 2018); Lieuwe de Boer, hurdriden (1980), Karin Brienesse, swimmen (1988), Jetze Doorman, skermjen (1912, 1920, 1924), Atje Keulen-Deelstra, hurdriden (1972), Sjoukje Dijkstra, keunstriden (1960, 1964), Sjinkie Knegt, shorttrack (2014, 2018), Monique Knol, hurdfytsen (1988, 1992), Marrit Leenstra, hurdriden (2014, 2018), Olof van der Meulen, foljebal (1992, 1996), Jan Posthuma, foljebal (1992, 1996), Ronald Zoodsma, foljebal (1992), Ids Postma, hurdriden (1998), Herman Rouwé, roeien (1964), Suzanne Schulting, shorttrack (2018), Franke Sloothaak, hynstesport (1984, 1988, 1996), Jan Ykema, hurdriden (1988), Falko Zandstra, hurdriden (1992, 1994), en Epke Zonderland, turnjen (2012).

It Keatsmuseum is noch yn petear mei Marit Bouwmeester, silen (2012, 2016), Antoinette de Jong, hurdriden (2018), Sven Kramer, hurdriden (2006, 2010, 2014, 2018), Inge Margriet Zegers, hockey (1984), Sanne Wevers, turnjen (2016), Richard Schuil, foljebal (1996) en Rintje Ritsma, hurdriden (1994, 1998, 2006). De medaljes fan Sijtse Jansma, toulûken (1920), Jan Geert Ankerman, hockey (1928) en Roelof Klein, roeien (1900) binne noch net fûn.

april 17, 2020 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.