Undersyk nei taalsituaasje yn gemeente Waadhoeke

april 11, 2020 08:50

(Wannear) brûke jo jo memmetaal?

Foto: Wikimedia Commons/Ieneach fan ’e Esk – lisinsje CC BY-SA 4.0

Waadhoeke is in unyk gebiet dêr’t de ynwenners Nederlânsk, Frysk, Biltsk en Frjentsjerters prate. Mar hoe fanselfsprekkend is it datst altyd dyn eigen taal brûkst? Yn opdracht fan de gemeente docht in tal fan studinten fan hegeskoalle NHL Stenden fan 15 april ôf ûndersyk nei it gebrûk fan de memmetaal. Wannear brûke wy ús memmetaal en wannear net? De gemeente nûget syn ynwenners graach út om oan it ûndersyk diel te nimmen. Fan woansdei 15 april ôf stiet de fragelist online fia www.waadhoeke.nl; ynfolje kostet ûngefear 5 oant 10 minuten.

De gemeente is grutsk op de meartalige situaasje en stimulearret de ynwenners ek graach om yn de eigen taal te praten. Wethâlder Taal, Jan Dijkstra fynt dat tige wichtich: “Wy kinne ús it bêste uterje yn ús eigen taal. En ast dy goed uterje kinst, is dat goed foar it selsfertrouwen. Dêr wurdst sterker fan.”

Mei it ûndersyk wol de gemeente ynsjoch krije yn de kwestje wêrom’t minsken net altyd trochgeane meit brûken fan harren memmetaal. Wêrom dogge se dat wol of net? Mei de resultaten hopet de gemeente drompels fuortnimme te kinnen, sadat elkenien yn Waadhoeke safolle mooglik syn eigen taal brûkt. It ûndersyk rint fan 15 april oant en mei 10 maaie. Foar de simmerfakânsje wurde de resultaten ferwachte.

april 11, 2020 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.