Tûk horloazje mooglik brûkber by fêststellen koroanafirus
Resint ferskynd
Undersikers fan it Radboudumc yn Nimwegen sille sjen oft it koroanafirus fêststeld wurde kin troch middel fan in tûk horloazje. It ûndersykshorloazje wurdt yn it foarste plak brûkt foar it ier opspoaren fan ynfeksjes feroarsake troch covid-19.
It snoadhorloazje waard earder al brûkt foar in ûndersyk mei parkinsonpasjinten. De dielnimmers sammelen twa jier lang detaillearre ynformaasje oer harren sykte en oer de ynfloed dêrfan op harren libben.
Yn oktober 2017 sette it Radboudumc yn ’e mande mei it Amerikaanske bedriuw Verily, dat ûndersykshorloazjes makket, útein mei de Parkins op Mjitte-stúdzje. Fia in avansearre tûk horloazje krigen de ûndersikers fan yn totaal 650 parkinsonpasjinten in ferskaat oan ynformaasje oer harren sykte. No wurdt deselde ûndersyksgroep brûkt om te sjen oft der ier in covid-19-ynfeksje fêststeld wurde kin.
It tûke horloazje mjit de hiele dei in grut tal dingen mei help fan snoade sensoaren. De hertslach bygelyks, want dy nimt ta by de sykte. Mar ek de wjerstân fan de hûd, want dy nimt ôf by koarts en de kwaliteit fan de sliep, want dy giet by in protte sykten efterút.
In stikmannich minsken út de parkinsonûndersykgroep is al besmet mei it koroanafirus. Troch middel fan fragelisten wurdt de dielnimmers frege wannear’t se yn de ôfrûne perioade tekens fan in koroanaynfeksje ûnderfûn hawwe en oft se harren lichemstemperatuer byhâlde wolle. As dielnimmers op it firus test binne, wurdt frege oft se de útslach mei de ûndersikers diele wolle.
Verily sil deselde fragelisten útsette, mar dan by 10.000 sûne dielnimmers yn de Feriene Steaten. De gegevens binne folslein anonimisearre. Dêrmei wurde de privacy en feiligens fan de dielnimmers boarge.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje