Trumps namme op helpsjeks foar Amerikanen

april 15, 2020 09:16

It Amerikaanske ministearje fan Finânsjes hat op it lêste momint besletten dat de namme fan Donald Trump op miljoenen helpsjeks komt te stean, berjochtsje Amerikaanske media. In wurdfierder fan it ministearje seit dat it proses dêrtroch gjin fertraging oprint en dat de earste betellingen takom wike de doar út gean.

Foto: pixabay.com

Op ’e lofterside fan de sjeks komme de wurden ‘President Donald J. Trump’ te stean, befêstiget it ministearje. It is foar it earst dat de namme fan in presidint op in sjek fan de Amerikaanse belestingtsjinst te pronk stiet.

Washington hat sa’n twatûzen miljard dollar útlutsen om de Amerikanen dy’t manmachtich harren baan ferlieze troch koroana, temjitte te kommen. Yn totaal komme 150 miljoen Amerikanen yn ’e beneaming foar de koroanastipe, dy’t sa’n 1100 euro bedraacht. Minsken mei bern krije 500 euro ekstra. Amerikanen dy’t belestingoanjefte yn 2018 of 2019 dien ha en oanspraak meitsje op it fûns, krije it jild direkt op harren rekken stoart.

Trump woe syn hantteken ûnder de papieren sette, mar dat mei net mei’t oerheidsútkearingen neutraal hearre te wêzen. Dêrom ferskynt syn namme op in apart diel.

april 15, 2020 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.