Thús Frysk leare mei de digitale metoaden fan de Afûk

april 20, 2020 08:16
Learlingen leare Frysk op skoalle mei Spoar 8 of Searje 36. Dy metoaden fan de Afûk wurde oanbean yn in digitaal learfermidden. Dat hat as grut foardiel dat learlingen net allinnich op skoalle, mar ek thús mei it Fryske lesmateriaal oan ’e slach kinne no’t de measte skoallen ticht binne.

Foto: Spoar8/Afûk

Skoallen dy’t in lisinsje foar Spoar 8 of Searje 36 hawwe, kinne trochgean de metoade brûken sa’t se dat wend binne. Learlingen logge no allinnich net op skoalle yn, mar op harren tablet of kompjûter thús. Wol is it tûk om yn de skoalomjouwing foaral lesmateriaal klear te setten dêr’t learlingen selsstannich mei oan ’e slach kinne. Bygelyks de #fakfavoriten foar thús! Ien fan de faklearkrêften Frysk (CSG Bogerman, Balk) oer it thús ûnderwizen fan de learlingen:
‘Thúsûnderwiis? Foar my feroaret der neat. Hyp hoi foar Searje 36!’

Fryske #fakfavoriten foar thús
De #fakfavoriten binne net allinnich geskikt foar op skoalle, mar ek foar thús.

Learlingen thús wurkje litte mei Spoar 8
Learlingen kinne ynlogge fia spoar8.edufrysk.nl/groepslogin mei harren plaatsjekoades, krekt as op skoalle. De learkrêft fynt de plaatsjekoades ûnder ‘groepsynloch’ op it dashboerd. Klik op de i-knop efter de groep om de plaatsjeskoades te besjen.

Learlingen thús wurkje litte mei Searje 36
Learlingen kinne ynlogge fia searje36.edufrysk.nl mei harren brûkersnamme en wachtwurd, krekt as op skoalle.

Sjoch op de webside fan de Afûk foar mear ynformaasje.

april 20, 2020 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.