Swiere hillige stien werombrocht fan Berlyn nei Fenezuela

april 17, 2020 09:26

Foto: Wikimedia Commons/Kamahele – CC BY-SA 4.0

In stien fan 35.000 kilo, dy’t troch in lânseigen Fenezolaanske stam as hillich beskôge wurdt, is fan Berlyn werombrocht nei Fenezuela. De stien lei yn it Tiergarten-park as ûnderdiel fan in keunstprojekt. De Fenezolaanske Pemón-mienskip wie dêr net oer te sprekken.

De Dútske keunstner Wolfgang Kraker van Schwarzenfeld hie de stien yn 1998 meinaam, nei eigen sizzen mei tastimming fan de Fenezolaanske oerheid. De saneamde Kueka-stien stiet neffens de keunstner foar leafde en wie yn it park delset mei fjouwer oare stiennen, dy’t ûntweitsjen, hoop, ferjouwing en frede symbolisearje.

De Pemóns leauwe dat de stien foar in ferbeane leafde út de mytology stiet. Twa beminden binne dêrby beide yn in ôfsûnderlike stien feroare troch in lilke god. Leden fan de stam hawwe by de Dútske ambassade yn Karakas pleite foar it weromjaan fan de stien.

april 17, 2020 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.