Stipe foar eigen suvelline Skiermûntseach

april 23, 2020 10:11

Foto: Provinsje Fryslân

De sân boeren en de suvelkoöperaasje fan Skiermûntseach krije in provinsjale subsydzje om harren omskeakeling nei natuerfreonlike lânbou fierder stal te jaan. Foar it projekt Skiermûntseager lânboutransysje 2020–2021 stelle Deputearre Steaten € 164.000 beskikber.

De Vereniging Boerenbelang Schiermonnikoog en Zuivelcoöperatie Schiermonnikoog sette in eigen suvelline op, ynklusyf in nije suvelpleats. Mei in eigen produksjeline moatte de ynkomsten fan de boerebedriuwen by in lytsere feesteapel op peil bliuwe.

Foto: Provinsje Fryslân

Dêrnjonken is it jild ornearre foar de ûntjouwing fan bioferskaat yn de Banckspolder. De ferwurking fan de organyske reststreamen op it eilân wurdt ek mooglik makke. Dêr ferbetteret de boaiemkwaliteit yn ’e polder sterk mei. Deputearre Klaas Fokkinga is bliid mei de plannen fan de eilanner boeren:
“Sa’t de plannen oanpakt wurde op Skiermûntseach is foar my in moai foarbyld foar de takomstige lânbou yn Fryslân. In lânbou yn balâns mei de natuer mei in oanpak dy’t betocht is troch de eilanners sels. Ik haw dêr grutte bewûndering foar. Dêrnjonken wolle we mei it ministearje fan LNV in pilot opsette foar de stikstofoanpak op it eilân. As dat slagget kin ik dêr ek fierder mei nei oare gebieten dêr‘t we mei de stikstof en de lânbou oan ’e slach moatte.’’

april 23, 2020 10:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.