‘Steengoed’ wint Filmkick-kompetysje

april 13, 2020 10:17

The Hensen Brothers (foto: NFF)

Timo en Rick Hensen, dy’t harsels The Hensen Brothers neame, hawwe mei harren plan en skript foar de film Steengoed de sânde edysje fan de Filmkick-kompetysje wûn. Dat waard tongersdeitejûn bekendmakke fia in fideo op Facebook. De kompetysje wurdt alle jierren organisearre troch it Noardlik Filmfestival. De bruorren krije in budzjet fan € 10.000 om de koarte film te realisearjen, dy’t dan yn wrâldpremjêre giet op it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert.

‘Steengoed’
The Hensen Brothers spilen al in skoftlang mei it idee foar in koarte film mei in magysk kleurke, opnaam yn harren thúsprovinsje Fryslân. Steengoed spilet him ôf yn it fiktive Fryske doarpke Wytsum, dêr’t in molktaper lykas alle dagen de molke rûnbringt. Der blykt dy deis lykwols wat bysûnders mei de molke oan ’e hân te wêzen en dêrtroch sil it doarp nea wer itselde wêze…

Timo Hensen (foto: NFF)

The Hensen Brothers
De bruorren Hensen groeiden op oan ’e râne fan It Hearrenfean en wiene doe’t se noch thús wennen altyd tegearre warber mei de kamera. Timo studearre letter, oan de HKU, ek ôf as senarioskriuwer en regisseur. Neidat se inoar kreatyf sjoen wat út it each ferlern hiene, setten de bruorren yn 2019 útein mei in aktyf YouTube-kanaal om tegearre troch te gean mei it meitsjen fan films. Underwilens stean der al fiif koarte films en in websearje online, allegear op kreative wize sûnder budzjet produsearre. De tiid is no ryp om harren passyprojekt, dat net sûnder budzjet realisearre wurde kin, wier te meitsjen fia de Filmkick-kompetysje.

Sjuery
De sjuery bestie dit jier út produsint Joram Willink fan BIND Film, de Fryske regisseur Mirjam de With en Merel Booleman, foarsitter fan VERS en freelance senarioskriuwer. Mei de Filmkick wol it Noardlik Filmfestival de regionale filmkultuer útdaagje en talintfolle filmmakkers fan eigen boaiem stimulearje yn harren wurk. De priiis fan € 10.000 wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.

Besjoch in filmke fan de útrikking.

april 13, 2020 10:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.