Simone Djurrema: Stoarm

april 11, 2020 20:00

Kollum

Mei it moaie maitiidswaar fan de hjoed en de lêste dagen docht it faaks frjemd oan, mar okkerdeis siet ik, mei pinne en papier, dizze kollum oer in stoarm te skriuwen. Ik die dat salang’t it noch ljocht wie, want ik koe op dat stuit dochs net folle oars dwaan. It moast in oare kear mar op ’e kompjûter. Hendrik wie net thús, dy wie by jimme yn Fryslân, dat ik moast mysels rêde.

De wyn gûlde om it hûs, sa mâl as dizze kear hie ik it hjir noch net meimakke. It waaide 13 m/s mei pûsters fan 25 m/s. En blykber kaam it út in oare rjochting as ik wend bin, want sa no en dan gûlde it yn de iene of oare buis, dêr’t ik noch nea earder wat piipjen heard hie. De hûnen joegen der neat om gelokkich, mar ja, de bangste is ek dôf.

De stroom wie útfallen. Dat wie in tiid lyn ek al ris bard. Doe hiene wy deselde jûn wer stroom, mar de buorlju sieten wol fjouwerentweintich oere sûnder. Wy hawwe lêsten berjocht krige dat se de boel ûnder de grûn lizze wolle. Dêr binne we wol bliid mei, want om no by stoarm hieltyd sûnder stroom te sitten, dêr is ek net safolle oan. Der skynt dan earne in beam op de liedingen te fallen en dan is it fansels fuortdaliks hommeles.

Wannear’t wy gjin stroom hawwe, nim ik daliks in pear maatregels. It earste wat ik doch is, sjen op in app, dy’t meastal aardich goed útkomt, hoelang’t it duorje sil. It wie betiid yn ’e jûn en se ferwachten in oere as healwei âlven klear te wêzen. Mar dan lis ik al op bêd, dat dan beslis ik wat ik wichtich fyn. Ik woe dat it de oare moarns waarm wêze soe (ja, dat is foar my altyd nûmer ien!). Ik woe wetter hawwe en ik moast ljocht hawwe.

De wetterpomp wurket op stroom, dy die it dan ek net dat we spielden efkes it húske net troch en dan koene we it wol rêde mei de druk dy’t der noch yn siet. En it wie noch net tsjuster, dat ik koe letter noch wol sa’n koplampke en kearskes klearlizze. Dy koplampkes binne hjir hiel populêr, in lyts lampke dat je mei in ilestiken bân om ’e holle hawwe kinne, sadat je de hannen frij hawwe. Dat hawwe by myn witten yn Nederlân allinnich minsken dy’t dat nedich hawwe foar hun wurk. Dan bleau de waarmte noch oer en dat koe wol in ‘dinkje’ wurde.

Doe’t we hjir kamen te wenjen, hiene we in âlde houtûne mei in stookdiel dêr’t de sintrale ferwaarming fan it hiele hûs én de boiler sûnder stroom op rûn. Ferline jier gie dy stikken en moasten we in nije hawwe. Dêr haw ik earder al oer skreaun. Ik wie der altyd sa bliid mei dat we gewoan stoke koene sûnder stroom, mar it wie net te garandearjen dat dat nóch koe, omdat we der no in wettertank njonken stean hawwe dêr’t de waarmte yn opslein wurdt. Dan hoege we net de hiele dei troch te stoken. Dat ik koe no teste hoe’t it gean soe mei de nije liedingen.

It wie wichtich dat ik net te hurd stookte, want it pompke dat oars foar sirkulaasje soarget die it fansels net, want dat wurket op stroom. Sûnder dat pompke kin de kachel maklik te hjit wurde. Dus ik hie in earnseach op ’e termometer.

Ik haw dy jûn útfûn dat de radiator yn ’e keamer wol waarm wurdt en de boiler ek. Mar yn alle oare keamers bliuwt it kâld. No, dan sis ik, yn gefal fan need kinne we itensiede op deselde potkachel, hawwe we in bytsje wetter en foaral, sitte we der yn ’e wenkeamer waarm by, dat ik bin tefreden! De measte minske binne net tefreden, mar sitte oanklaud.

Doe’t ik bûten kaam leine der diggels op en om it stoepke by de efterdoar. Der wiene in pear pannen fan it dak ôf waaid. Der wie wol mear guod dat net mear op syn plak stie. Ik koe no dochs neat dwaan, dat ik moast earst mar in nachtsje sliepe oer in oplossing. De stroom kaam der wer op foar’t ik op bêd soe, dat doe wie alles wer sa as gewoanliken.

De oare deis kaam ik bûten mei de hûnen. It wie rêstich, de fûgeltsjes songen as wie der neat bard. Ik seach noch mear diggels, de kroade lei tsien meter fierderop, in stoel noch fierder. Yn ’e bosk lei in dikke beam om. Hy wie net ûntwoartele sa’t faak bart, nee, hy wie ôfknapt.

De dakpannen dy’t derôf leine kamen fan it heechste punt. Ik doar wol wat oan, mar om dy teplak te lizzen, dat gie my wat te fier. Boppedat komt ús ljedder net iens sa heech. Ien dakpanne dy’t wol by de nok lei mar ticht by de fêste ljedder foar de skoarstienfeier, haw ik ferfongen. Oan de oare kant fan it hûs haw ik noch ien rjocht lein dy’t net sa hiele heech lei, mar dy twa op ’e nok, dêr weage ik my net oan. Hie Hindrik no wol thús west, dan hie it my misskien noch neat jûn: it is net om ’e nocht dat er wurk by de grûn hat. Hy komt leaver it dak net op. Dat ik haw de buorman belle om te freegjen oft dy ien wist dy’t my helpe koe. Hy woe sels wol efkes komme. Hy kaam mei de trekker. Hy lei my in ald motto út: “As it mei plakbân en izertried net te meitsjen is, is it echt stikken.” Doe sette er ús beide ljedders oan syn twa ljedders fêst mei spanbantsjes en plakbân, klom op it dak en lei der oare pannen op. “Moatst der ek wat foar hawwe?”, frege ik fansels. “Nee juh, as ik ris earne hinne moat om in trekker op te heljen, kinst my moai ris bringe”, sei er monter, bûn de ljedders ûnder syn trekker en ried wer fuort.

Yn dit gefal gie foar my it sprekwurd op dat seit ‘Neiste buorman, sibste freon, as it keal yn ’e groppe leit’

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
april 11, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.