Sa hellet Frankryk de skoattels der wer ôf

april 14, 2020 12:10

Foto: GGD

De Frânske presidint Emmanuel Macron hat in plenning buorkundich makke om stadichoan wer oer te gean nei in frijere maatskippij. Op it stuit moat elkenien yn Frankryk binnendoar bliuwe. De maatregels binne yn it lân gâns stranger as yn Fryslân.

Op 11 maaie feroaret der yn Frankryk in soad. Dan meie minsken yn prinsipe wer de dyk op, mar dat moat wol mei in mûlekapke op. Dat moat yn alle gefallen yn it iepenbier ferfier brûkt wurde. Wa’t symptomen hat dy’t lykje op dy fan it koroanafirus, moat troch in dokter test wurde. Docht bliken dat immen siik is, dan moat dy thúsbliuwe oant er wer better is. De skoallen en boatersplakken geane op 11 maaie ek wer iepen, de universiteiten noch net.

Foar restaurants, skouboargen, museums en oare ynstellings foar in grut publyk wie der min nijs. Dy moatte ynearsten ticht bliuwe. Hoe lang is net bekend. Wol hat it Frânske regear finansjele help tasein oan ûndernimmers.

april 14, 2020 12:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.