Reizgje yn koroanatiid

april 30, 2020 08:53

© Provinsje Fryslân

Op it stuit is der in fjirde- oant in treddepart minder ferkear op de dyk en sit it iepenbier ferfier mar foar 5 oant 10% fol. Provinsje Fryslân wol witte wat it effekt is fan de koroanamaatregels op it reizgjen fan syn ynwenners. Dêrom rint der sûnt juster, 29 april, in ûndersyk om de gefolgen fan de dy maatregels yn kaart te bringen.

It ûndersyk wurdt útfierd troch Moventem, in buro foar ûndersyk, advys en projektbegelieding. Dat stelt fragen oer it reizgjen foar it yngean fan de maatregels en hoe’t dat nei alle gedachten wêze sil as de maatregels ynlutsen wurde. Sa wol de provinsje ynformaasje krije oer de gefolgen fan koroana op it ferkear yn Fryslân.
Op it stuit dat de jildende maatregels ferromme wurde of net mear jilde, fiert Moventem it ûndersyk wer út. Dêrtroch hopet de provinsje te witten te kommen oft ynwenners fan Fryslân oergeane ta mear thúswurkjen as foardat de maatregels ôfkundige waarden.

Meidwaan oan it ûndersyk kin fia www.fryslan.frl/reisonderzoek.

april 30, 2020 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.