Rêdingskredyt foar Thialf

april 23, 2020 10:01

Thialf kriget ekstra finansjele stipe fan de provinsje Fryslân en de gemeente It Hearrenfean, sadat it úteinsette kin mei it opheljen fan syn finansjele problemen. As de gemeenteried en Provinsjale Steaten ynstimme mei it rêdingskredyt, stelt de provinsje € 2 miljoen en de gemeente € 991.000,- beskikber. Dat bedrach is bedoeld om yn de kommende ferbetterperioade út de reade sifers te kommen.

Boarne: Provinsje Fryslân

Deputearre Sander de Rouwe: “Thialf is in ynternasjonale sportikoan dêr’t wy grutsk op binne. Mei de gouden plakken sit it, bûten de koroanatiid, wol goed, mar no noch swarte sifers. As wy neat dogge, giet Thialf fallyt. Mei dit rêdingskredyt kin Thialf oan ’e slach om it driigjend tekoart wei te wurkjen.”

Wethâlder Jelle Zoetendal: “Sport is in wichtich ûnderdiel fan de fitale Hearrenfeanske gemeente. Topsport hat in stimulearjende wurking op de ekonomy en grutte oanlûkingskrêft op de breedtesporten. Wy bûge ús de kommende tiid ek oer it behâld fan de iishockeyhal. Wolle wy op It Hearrenfean trochgean mei it bieden fan in folslein iissportpakket, dan moatte wy ôfwagingen meitsje.”

Tekoart by Thialf
Yn desimber 2019 bliek út de jiersifers in tekoart dat yn 2019-2020 noch fierder oprinne sil. It buro LAgroup makke in wiidweidige analyze en ûndersocht de mooglikheden om de eksploitaasje te ferbetterjen. Ut dat ûndersyk bliek dat in positive eksploitaasje sa goed as ûnmooglik is. Thialf moast dêrom fan de oandielhâlders binnen hûndert dagen in ferbetterplan meitsje. Ut dat plan blykt dat it yn desimber neamde likwiditeitstekoart yn boekjier 2019-2020 fierder stiicht oant likernôch € 1,1 miljoen. Dat komt troch nije, net te beynfloedzjen ôffallers.

Senario ‘slank en snoad’
Yn it ferbetterplan steane trije mooglike senario’s, dêr’t gjin ien fan swarte sifers hellet. Thialf stelt it senario ‘slank en snoad’ foar. Dat freget in fikse reorganisaasje, mar it behâldt de kearnfunksjes, mei in fokus op de topsport.

Direkteur Marc Winters: “Thialf docht fansels as earste syn diel. Mei pynlike needsaaklike maatregels nimme wy € 538.000 fan it struktureel tekoart foar ús rekken. Wy sille werom nei in lytse organisaasje dy’t rjochte is op it fasilitearjen fan de topsport. Om trochgean te kinnen mei it leverjen fan in heechweardich produkt is stipe fan oaren needsaaklik. De perioade om der wer boppe-op te kommen brûke wy om te wurkjen oan in strukturele oplossing. In duorsume oplossing foar it enerzjyfraachstik stiet dêrby mei stip boppe oan.”

april 23, 2020 10:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.