Reboelje yn Brussel: plonderings en fernielings

april 11, 2020 20:01

Yn de Brusselske dielgemeente Anderlecht is de plysje sneon mei kneppels en wetterkanonnen hurd fanwegen kommen tsjin in grutte groep reboeljemakkers. It giet benammen om jongelju dy’t oan it fernielen en plonderjen slein wiene. Alle gearkloftsjen is yn België yn ferbân mei de koroanakrisis ferbean en men mei sels net ûnnedich bûtendoar wêze.

It gearkloftsjen folge op in oprop dêrta op ‘e sosjale media. It wie rjochte tsjin de plysje. De reboeljemakkers ferwieten de plysje de dea fan in man, dy’t freedtejûn by in plysjekontrôle útnaaide en troch in plysjewein oanriden waard. Dêr rekke er by dea.

De reboeljemakkers smieten mei stiennen en skansearren auto’s. It slagge in pear om in plysjewein te stellen. In jonge pakte it wapen fan in plysje ôf en skeat dêr in pear kear mei yn de loft. De plysje hat 25 minsken oppakt. Neffens in plysjewurdfierder kin it noch oeren duorje ear’t it wer rêstich is.

Bylden út Brussel fan hjoed litte sjen hoe’t reboeljemakkers in plysjebuske ferniele:

https://twitter.com/SamvanRooy1/status/1249055637302120448?s=20

 

april 11, 2020 20:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.