Premier Boris Johnson op IC

april 7, 2020 09:46

De Britske premier Boris Johnson (55) waard moandeitejûn hookstrooks opnaam op de yntinsive soarch fan it sikehûs, nei’t syn sûnens as gefolch fan koroana rap minder wurden wie.

Boris Johnson (foto: Britsk ministearje fan útlânske saken en republyksrelaasjes)

Johnson hat soerstof krige, mar leit net oan de beäzeming. Op fragen by parsekonferinsjes kaam gjin antwurd. Dat kin derop wize dat it minder mei him giet as Downing Street foarkomme lit. Sjoernalisten dogge de oprop om sa transparant mooglik te wêzen oer Johnson syn kondysje, mei’t dat elkenien oangiet.

In earder adviseur fan Johnson hat goede hoop dat de premier de sykte goed trochstiet. Yn febrewaris waard bekend dat Johnson en syn freondinne (32 jier) in poppe ferwachtsje.

april 7, 2020 09:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.