Podcast oer de ferhalen efter de foardoar yn thúskarantêne
Resint ferskynd
De wrâld is yn ’e besnijing fan it koroanafirus. It libben is feroare yn in hindernisparkoers. Wy slalomje ominoar hinne op ’e dyk en yn ’e supermerk. Mar it libben giet wol gewoan fierder. Hoe’t it fierder giet?
Yn ’e podcast Virus Verhalen komme we efter de foardoar, foarby de karantênelinten fan it ferpleechhûs en yn it thúsklaske. Wy hearre hoe’t minsken inoar besykje te berikken en op te moedigjen. En ek hoe’t it soms mis giet.
Harkje nei de podcast Virus Verhalen. Fan no ôf twa kear yn ’e wike in nije ôflevering op nporadio1.nl/podcasts/virus-verhalen en yn ’e podcastapp.
Harkje nei de trailer.
Virus Verhalen wurdt produsearre troch Radio Doc foar NPO Radio 1. Presintaasje: Jair Stein. Konsept, rezjy en montaazje: Heleen Hummelen. Undersyk, produksje en opnamen: Wieky de Boer, Kika Booy, Jesper Buursink en Renet Ponsen. Oanfoljende opnamen: Misha Koole. Einredaksje: Ottoline Rijks.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje