Podcast: in jonge yn de oarloch – mei Koos Postema

april 1, 2020 08:51 Fernijd

Koos Postema oer it bombardemint op Rotterdam en de oarlochsjierren dêrnei yn in podcast fan Dick Klees

Koos Postema (foto: NTR)

Troch it bombardemint op it stedshert fan Rotterdam yn maaie 1940 wiene 80.000 minsken yn ien klap dakleas. Hoe yngripend dat wie, kin it bêste ferteld wurde troch ien dy’t it sels meimakke. Ien dy’t de ûnderfiningen fan de hiele húshâlding derby belûkt en sa it wierbarde, oangripende ferhaal libben makket. Ien dy’t prachtich fertelle kin. Sa’nien is Koos Postema. 75 jier nei de befrijing fertelt de âld-presintator en ferslachjouwer yn de podcast Een jongen in de oorlog oan Dick Klees – yn fiif dielen – hoe’t hy fan syn sande oant syn tolfde de Twadde Wrâldoarloch belibbe.

Yn de podcast komme wy yn ’e kunde mei Koos syn mem, dy’t al jong widdo waard, syn suskes Aagje en Lenie, syn broer Jan en omke Ger. Allegear hawwe se spannende jierren belibbe. De lytse Koos ûnthold alles. Fansels begjint de searje mei it bombardemint op Rotterdam op 14 maaie 1940 en binne yn de lêste ôflevering de befrijingsferhalen te hearren. Mar fierder wurde de dingen dy’t barre net needsaaklik yn gronologyske folchoarder ferteld. Troch de hiel eigen styl fan Koos Postema wurdt it in prachtige skiednisles.

Koos Postema en Dick Klees (foto: NTR)

Harkje nei de trailer.

Dick Klees wie einredakteur fan it NPO Radio 1-programma Met het oog op morgen. Hy lies it boekje Het Bombardement (Thomas Rap, 1980) dat Koos fjirtich jier lyn skreau en hearde yn syn holle de stim fan dy rasferteller der al by. Sa ûntstie it idee om Postema te freegjen om syn ferhaal yn in podcast te fertellen.

Mei de ferhalen fan Koos Postema komt in histoarysk barren dat de wrâld feroare, hiel tichtby.

Beskikber fia nporadio1.nl/podcasts en de bekende podcastplatfoarmen.

april 1, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.