Plannen foar drive-inbioskoop by WTC Expo Ljouwert

april 14, 2020 10:34

No’t troch covid-19 de hoareka en it útgeanslibben platlizze, wurkje Ljouwerter ûndernimmers mei-inoar gear om in pop-up drive-inbioskoop te realisearjen op it parkearterrein by WTC Expo. Besikers kinne aanst yn ’e auto genietsje fan films op in grut skerm, wylst se foarsjoen wurde fan in hapke en in drankje troch Ljouwerter hoarekaûndernimmers.

Foto: morguefile.com

Drive-in bioskopen wiene foaral populêr yn de jierren ’50 en ’60. It idee om it konsept yn Ljouwert nij libben yn te blazen ûntstie by kommunikaasjeburo Blauwe Zone. “Wy seagen yn it bûtenlân dat besteande drive-inbioskopen troch de koroanakrisis opbloeiden. Mei dit konsept kinne we minsken nettsjinsteande alle beheinende maatregels dochs in gesellige jûn belibje litte en tagelyk de Ljouwerter hoareka stypje”, seit kreatyf direkteur Foppe van der Veen.

It plan is om ferskate jûnen yn ’e wike in film te fertoanen en mei in rûlaasjesysteem ferskate hoarekaûndernimmers de katering fersoargje te litten.

De gemeente Ljouwert stiet posityf foar it plan oer, ûnder betingst dat it útfierd wurde kin binnen de rjochtlinen fan it RIVM. Op it stuit litte dy sa’n evenemint noch net ta, mar wannear’t de maatregels yn ’e takomst fersoepele wurde, kin Ljouwert him opmeitsje foar in âlderwetsk gesellige jûn út.

april 14, 2020 10:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.