Petear mei de alarmsintrale

april 1, 2020 19:06

Alarmsintrale, jo prate mei Wopke Hoekstra.

Ja, it is mei frou Bruinsma út de Westereen. Myn man hat in hertoanfal hân. Hy leit op ’e grûn mei in blau gesicht. Der moat fuortendaliks in ambulânse komme!

Dat is frou Bruinsma fan it Tsjerkepaad, en it giet om de hear Cornelis Bruinsma?

Ja fansels, mar jo moatte avesearje!

Net to fluch, frou Bruinsma, sa’n ambulânse kostet in soad mienskipsjild en wy moatte earst efkes neigean oft jo wol oan de betingsten foar in ambulânse foldogge!

Betingsten? Kees leit op ’e grûn, it skom komt him op ’e mûle!

Ik sjoch hjir yn it dossier dat de hear Cornelis Bruinsma hertpasjint is en ferline jier alris opnommen wurden is. Hy hat fan de dokter foarskreaun krige om wat mear te sporten, sûn te iten en perfoarst net mear te smoken. Hat er him dêroan holden, frou Bruinsma?

No ja, safolle as it kin, mar Kees hâldt wol fan in byfstikje, en byt it doarpsfeest hat er noch in sjekje smookt, mar meastentiids giet it frij goed.

Meastentiids frou Bruinsma, sa komme wy der fansels net. Wy jouwe in soad mienskipsjild út oan sikesoarch, betelle fan belestingjild dat dochs meastentiids yn de Greidhoeke betelle wurdt, en hear Bruinsma út de Westereen giet te feestfieren en slacht alle goede ried yn ’e wyn! Wâldpiken, ik krij der wat fan!

Mar Hoekstra, as wy der no nochris mei Kees oer prate, as er ienkear yn it sikehûs is?

De tiid fan beloften is oer, frou Bruinsma, al foar dat ik in ambulânse stjoer, wol ik in skriftlike garânsje dat de hear Cornelis Bruinsma tenei nei de sportskoalle giet, de drank en de sigaret stean lit en allinnich noch mar bio yt!

Mar Hoekstra, Kees is al 75, wat moat hy noch op de sportskoalle?

It is dát of neat, frou Bruinsma, en dan ha jo noch gelok dat er gjin 80 is. Fan dan ôf soe ik him al net mear nei de Intensive Care stjoere. Dan ha wy tsjintwurdich leaver in goed petear mei de pasjinten oer de sin fan it libben en sa.

Dus as ik dat opskriuw, stjoere jo in ambulânse?

Dan sil ik deroer tinke, oant sjen, frou Bruinsma!

Boppesteande tekst sil yn Nederlân net gau útsprutsen wurde, mar it jout wol wer hoe’t Italië en Spanje, de lannen dy’t it hurdst troffen binne troch de koroanakrisis, it wegerjen fan needhelp ûnderfûn hawwe. It is fan in net te leauwen bottens dy’t je net ferwachtsje soene fan in kabinet mei twa kristlike partijen. Je kinne je der allinnich mar foar skamje.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.

 

april 1, 2020 19:06
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Joute De Graaf april 2, 16:29

    Kin dit ek trochstjoerd wurde nei Wopke? Dy kin him mei dit ferhaal mooglik goed profilearje op it CDA kongres wer’t yn 2021 besletten wurdt wa’t listlûker wurdt. Lykwols moat dy man gjin startkaart krije foar de kommende Alvestêdetocht. Fierstente besmetlik

  2. Jan A. Schulp april 9, 11:48

    Wopke wordt ûnrjocht dien. Hy is net tsjin op hulp oan Itaalje, mar op it brûken fan Eurobonds, wat in slimslûche foarm fan oplichting is. Papier dat sawat de wearde hat fan it papier der ‘t se op printe binne. It is fergelykber mei it keunstje dat de Franske besetter ús yn 1795 prebearre hat, mei de assignaten, ek papier jild dat sabeare wol dutsen wie mar yn de praktijk net. Lit Wopke mar gewoon de kop der foar hâlde!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.